"De '''BoskjesmannenBoskjemannen'''"is in sammelnamme foarbinne de ferskate [[Koisan]] befolkingsgroepen fan de [[Kalahary]].
Om't de Kalahary oer de lânsgrinzen hinne giet, binne ek de BoskjesmannenBoskjemannen ferspraat oer [[Angoala]], [[Botswana]], [[Namybje]] en [[Súd-Afrika]]. Hja wurde as in tige âld ras beskôge en it is oantoand dat hja yn alle gefallen al tweintich-tûzen jier as jagers en itengarders yn dit gebiet libje. Yn [[2002]] is Botswana lykwols begûn mei it twongen ferpleatsen fan de Boskjesmannen dy't yn dat lân wenje. Yn [[2006]] hawwe de Boskjemannen in rjochtsaak wûn dy't harren it rjocht jout werom te gean, mar oant no ta (2008), is dat noch mar in pear ek wier tastien.
De ferskate groepen hawwe ek ferskate talen, allegear [[kliktaal|kliktalen]] út de [[Koisan talen|Koisan groep]]. Fierders hawwe de BoskjesmannenBoskjemannen noch in ôfsûnderlike taal, in [[gebeartetaal]], dy't ja foar de jacht brûke. De BoskjesmannenBoskjemannen hawwe sels gjin wurd dat harrensels oantsjut, en guon minsken út de Westerske wrâld hawwe it idee dat ''BoskjesmannenBoskjemannen'' negatyf wêze soe. Dêrom wurde ek wol oare nammen brûkt, sa't dy ek troch buorfolken brûkt wurde. Dy nammen, lykas ''San'' en ''Basarwa'', hawwe lykwols dúdlik slim negative betsjuttings, en de BoskjesmannenBoskjemannen wurde dan ek it leafst ''BoskjesmannenBoskjemannen'' neamd.