Oktroai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Link FA foar af:Patent (goed artikel); tekstwiziging
Rigel 80:
Dat hifkjen wurdt dien troch de [[Oktroairied]]. De kwaliteit fan it hifkjen yn Nederlân troch de oktroairied stie ynternasjonaal heech oanskreaun.
 
Troch it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo yn de [[tachtiger jierren]] naam it tal by de oktroairied yntsjinne oktroai-oanfragen stadich ôf. As gefolch dêrfan wie it net mear mooglik om foar alle mêden fan de technyk saakkundige foarûndersikers yn tsjinst te hawwen en oan it wurk te hâlden. Yn [[1995]] waard dêrom de Ryksoktroaiwet 1995 ynfierd, dy't der yn foarseach dat tenei Nederlânske oktroai-oanfragen net mear hifke waarden. Op elke oanfraach waard neffens dat ''registraasjesysteem'' sûnder ynhâldlike hifking, in oktroai ferliend. Der binne twa foarmen: in oktroai dat 20 jier jildich is, en in oktroai dat mar 6 jier jildt. Om in 20-jierrich oktroai te krijen moat in fersyk om in nijensûndersyk yntsjinne wurde. De útslach fan sa'n nijensûndersyk jout ornaris in goede yndikaasje, oft de claimde útfining nij en ynventyf genôch is as sjoen wurdt nei de stân fan saken fan de technyk om in sinfolle oktroaibeskerming jaan te kinnen. De útslach is lykwyls net fan belang foar de oktroaiferliening. It hifkjen fan de nijens wurdt earst nei oktroaiferliening dien troch de rjochter. It (tweintichjierrich)oktroai wurdt dus ferliend ûnôfhinklik fan de ynhâld fan it nijensrapport. By ferliening fan oktroaien foar ynfiering fan de ROW 1995 waard yn 't foar ynhâldlik hifke.<br />
[[Ofbyld:Patent.jpg|right|300px|Dútsk patint foar in Nederlânske útfining]]
In ferliend Nederlânsk oktroai kin yn syn hiele rintiid bygelyks troch in tredden foar de rjochter 'oanfallen' wurde yn in neatigensproseduere. De wearde c.q. krêft fan in Nederlânsk registraasje-oktroai wurdt dus earst nei ferliening, yn rjochte, beskaat, teminsten as it oktroai ûnderwerp wurdt fan in juridysk skeel. Foardiel fan it registraasjesysteem is it gemak en fluggens dêr't in oktroai mei krigen wurde kin, en ek de legere kosten foar de oktroaihâlder.
Rigel 95:
In yn Nederlân ferliend oktroai jout gjin beskerming tsjin neimeitsjen yn [[Dútslân]] of yn de [[Feriene Steaten]], yn tsjinstelling ta it [[auteursrjocht]], dêr't ynternasjonale ferdragen automatysk wrâldwide beskerming jouwe. De útfiner moat yn elk lân apart in oktroai-oanfraach yntsjinje om dêr beskerming te krijen. Wol kin by it Jeropeesk Oktroaiburo (festige yn Rijswijk-Súd-Hollân) patint foar Jeropeeske lannen oanfrege wurde. It Jeropeeske Oktroaiburo beöardielet de oanfraach op ynhâldlike grûnen en nei ferlienen wurdt de Jeropeeske oktroai-oanfraach omset yn in bondel nasjonale oktroaien. Der is dus gjin ''Jeropeesk Oktroai'' dat automatysk yn hiel Jeropa jidlich is. Der wurdt wurke oan in Jeropeeske feroardering om in systeem foar in ''Mienskipsoktroai'' op te setten.
 
De measte oktroaiwetten jouwe in op himsels relatyf ienfâldige regel oangeande de fraach, wat te oktroaien is, sjoch bygelyks it Jeropeesk Oktroaiferdrach: ''Oktroaien wurde ferliend foar útfinings dy't nij binne, op útfinerswurksumens (in ynventive stap) berêste en fetber binne foar tapassen op it mêd fan yndustry''. In te oktroaien útfining is bygelyks in idee of útfining dy't net fanselssprekkend simpel is (mar wol ynventyf), en dy't wrâldwiid nij is. De útfining mei dus nearne earder publisearre of beskreaun wêze. Oer wat 'fanselssprekkend simpel' ynhâldt binne wolris mieningsferskillen; in rjochter moat dan bygelyks de knoop trochhakje. It Jeropeesk Oktroaiburo brûkt ornaris de 'problem-solution approach' om nei te gean oft in útfining ynventyf genôch is. De lêste jierren is der in kontroverse geande oer de fraach oft [[gen|genen]]en te oktroaien binne.
 
===Skiednis yn Nederlân oant 1910===
De earste wet op oktroaien waard yn Nederlân ynfierd op [[25 jannewaris]] [[1817]]. Dêr waard lykwols troch Nederlânske bedriuwen in bytsje gebrûk fan makke. Wol besochten bûtenlânske bedriuwen troch de wei fan in ynfier-oktroai hat konkurrinsjeposysje yn Nederlân feilich te stellen. Op [[25 july]] [[1867]] waard dy wet lykwols hielendal ynlutsen. Yn [[1870]] soe Nederlân de ''Konfinsje fan Parys'' tekenje, wat ynhold dat Nederlân har wetjouwing op ''yndustrieel eigendom'' oanpasse moatte soe, lykwols allinnich foar fabryks- en hannelsmerken. Nederlân koe, krekt as [[Switserlân]], noch hieltyd in eigen koerts oangeande de oktroaien folgje. Neidat Switserlân yn [[1888]] dochs besleat ta ynfieren fan oktroaiwetjouwing wie Nederlân yn wêzen it iennichste Jeropeeske lân dêr't soks noch net fêstlein wie. [[Polityk]] sjoen wie dy posysje fan Nederlân net langer fol te hâlden (ynternasjonaal waard Nederlân bestimpele as in folk fan ''Frijbûtsers''). Dus, yn [[1893]] waard troch it Nederlânske regear op in kongres yn [[Madrid]] tasein om in útstel nei de [[Twadde Keamer]] te stjoeren. De diskusje dy't dat útstel los makke soarge der foar dat it earst yn [[1905]] slagge om werklik in wetsútstel yn te tsjinjen (Nederlân soe oars út de ''Uny fan Parys'' set wurde, en de fabryks- en hannelsmerken fan de Nederlânske yndustry ferlieze) . Dy wet soe úteinlik yn [[1910]] troch de Earste- en Twadde Keamer oannommen wurde.
 
==Besibbe ûnderwerp==
Rigel 112:
<references/>
}}
{{Link FA|af}}
 
 
[[Kategory:Technyk]]
Rigel 147:
[[ml:നിര്‍മ്മാണാവകാശം]]
[[ms:Paten]]
[[no:Patent]]
[[nl:Octrooi]]
[[nn:Patent]]
[[no:Patent]]
[[pl:Patent]]
[[pt:Patente]]