Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fr:Burdaard
L Bot - oars: nl:Burdaard; tekstwiziging
Rigel 15:
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de ieu.]]
 
== Skiednis ==
=== Untstean ===
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''Breedfurd'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter).
Rigel 21:
Yn de rin fan de tiid ûntstiet der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter, dat de [[Dokkumer Ie]] wie in wichtich skipsfeartswetter. Der kaam sa hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen. Ek kamen der ambachtslju dy't mei it wetter te dwaan hienen. Der hawwe sa trije skipshellings west. Dêr waarden foaral fiskersskippen boud.
 
=== Hannel ===
In oare geunstige ûntwikkeling hat west dat Burdaard ek lei op de grins tusken de klaai en de wâlden. Burdaard waard sa in steapelplak foar de trochfier nei [[Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Keaplju kochten foaral tsiis op dat se wer fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.
 
Rigel 31:
Nei 1900 waarden it [[molkfabryk]] [[Konkordia]] en de feefoerkoöperaasje [[De Iendracht]] stifte. De Iendracht ferwurke ek dong. Nei 1945 binne beide troch fúzjes ferdwûn. Fan Konkordia is neat mear oer. Yn it kompleks fan De Eendracht hat him no in arsjitekteburo festige.
 
== De mûnen ==
Yn eardere foarm fan yndustrialisaasje wie de bou fan [[mûne]]n.
 
=== De Swel ===
[[Ofbyld:Burdaard mûne.JPG|thumb|right|200px|de mûne de Swel]]
Yn [[1841]] waard yn Burdaard in pel-,meal- en houtseachmûne stifte. Dizze baarnde yn [[1874]] ôf. De eigener besleat om in nije mûne bouwe te litten. Dy krige as namme ''De Swel'', ''De Zwaluw''. Neffens oerlevering gie it yn de earste tiid net sa goed mei de saken. De eigner kaam der sa op om de mûne 'De Swel' te neamen. Hy soe dan oan it sprekwurd tocht hawwe dat swel oan de simmer ferbynt.
Rigel 42:
De Swel is mei syn hichte fan 42 meter in wichtich part fan it doarpsgesicht fan Burdaard.
 
=== De Traitebel ===
Yn [[1855]] liet [[P. Oberman]] in houtseachmûne bouwe. Hy krige as namme: De Traitabel. Dat wol sawat betsjutte as brûksum of hânsum. Yn [[1864]] baarnde de mûne ôf. Der kaam wer in nije mûne, oant yn [[1918]] op [[Krystjûn]] der bern mei fjoer boarten. Wer gie de mûne yn flammen op. Op it mûnehiem kaam doe in elektryske houtseagerij, mei deselde namme. Sa'n fjirtich jier letter, yn de fyftiger jierren, is dy lykwols wer sletten.
 
=== De Oaljefant ===
In eintsje bûten Burdaard stiet de wettermûne [[De Oaljefant (Burdaard)|De Oaljefant]], ''De Olifant''. Dize mûne is yn [[1856]] út [[Grinslân]] kommen. It doel wie om it lettere [[wetterskip]] [[De Oaljefant (wetterskip)|De Oaljefant]] te bemeallen. It wetterskip is yn gruttere wetterskippen opgien. Yn [[1970]] stie de mûne der bûten gebrûk. Der kamen doe plannen om de mûne wer yn syn âlde steat werom te bringen. Fan 1978/1979 en yn 1991 binne dy plannen mei súkses útfierd. De mûne draait wer mei in frijwillige mealder. De Stichting [[De Fryske Mole]] is eigener wurden.
 
== De âlde brêge oer de Ie ==
 
In ferklearing fan de namme Burdaard soe ek yn it âlde wurd furd lizze kinne. In furd wie in plak wêr't je troch it wetter rinne koene. Burdaard hie ek in furd oer de Ie. Troch't de skippen grutter waarden, moast ek it furd ferdwine. Yn 1777 krige Simen Jans, de kastelein fan de herberch dêrnjonken, in fergunning om de in brêge oer de Ie te meitsjen. Dit waard in klapbrêge. Net allinne de skippers moasten wat yn 't klompke dwaan, ek it ferkear oer de de dyk moast tol betelje. Oant 1937 hawwe de kasteleins dit rjocht holden. De brêge is sels neamd nei de kasteleins Steenhuisen. Letter is der in draaibrêge kommen.
 
== De tsjerken ==
[[Ofbyld:Burdaard Herf. tsjerke.wiki.jpg|frame|right| De Herfoarme tsjerke op in âlde oansichtkaart]]
 
=== De Herfoarme tsjerke ===
 
De Herfoarme tsjerke út [[1851]] stiet wat bûten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte jûn om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/[[Jannum]] wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynstânsjes hawwe dat plan ôfkard. Burdaard is doe mei in ienfâldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan [[Ikkerwâld]]. It Adema-oargel is makke foar de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn [[De Kuunder]]. Yn 1871 is it ferpleatst nei Burdaard.
 
=== De Grifformearde tsjerke ===
 
De [[Ofskieding]] hat yn [[Wânswert]] hiel sterk spile. De ôfskiedenen holden harren tsjinsten yn Wânswert oan 'e Streek. Yn 1861 kaam der in tsjerke. Dizze is yn [[1892]] ferfongen troch de tsjerke dy't der no stiet. Offisjeel hiet de tsjerke de Kristlik Ofskieden tjserke, letter de Grifformearde tsjerke, fan Wânswert. Under Wânswert wurdt der fierder op de skiedenis fan de Ofskiedenen yn gien.
Rigel 65:
Der is in gearwurkingsferbân kommen tusken de grifformearden en herfoarmen. No foarmje se tegearre de Protestanske Gemeente fan Burdaard.
 
=== De Nederlandse Protestanten Bond ===
 
De frijsinnigen yn Burdaard hawwe in skoft in ôfdieling west fan de NPB. Se kamen gear yn de boppeseal fan de herberch Het Posthuis, no kafee 't Hoekje. De herberch hat de namme fan de Bond oan oerholden.
 
== It Ruurd Wiersma Hûs ==
 
Yn Burdaard wenne de molkfarder [[Ruurd Wiersma]]. Hy wie ek skilder. Mei fytslak hat er troch syn hiele hûs skilderings oanbrocht. Hy wurdt rekkene ta de naïve sneinsskilders. Doe't er ferstoar wie der belangstelling foar de naïve skilderkeunst. Der waard dan ek besletten om syn hûs te litten sa as Ruurd Wiersma dat efterlitten hie. It hûs is ynrjochte as museum fan it wurk fan Wiersma.
== Befolking: ==
*[[1744]] - 60
*[[1815]] - 343
Rigel 85:
*[[2008]] - 1141
 
== Strjitten: ==
Bakkerssteeg, Bourboomweg, Brugweg, Concordiastrjitte, De Wellen, [[Dokkum]]er Straatweg, Doniastrjitte, Ds R. H. Kuipersstraat, Eewal, Hellingpad, [[Hikkaard]]erdyk, Hoofdweg, Iedyk, [[Jislum]]erdyk, Kerkbuurt, Mounewei, Obermanstrjitte, Ruurd Wiersmapaad, Schoolstraat, Steenendamsterweg, Stylsmastraat, Tolhuis, [[Wânswert]]erdyk, Wiereweg, Wytsmastraat.
 
Rigel 102:
[[en:Burdaard]]
[[fr:Burdaard]]
[[nl:BirdaardBurdaard]]