Goudtoefke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh:戴菊
L Bot - oars: pl:Mysikrólik zwyczajny; tekstwiziging
Rigel 8:
It '''Goudtûfke''' (''Regulus regulus'') is de lytste [[fûgel]] dy't yn [[Jeropa]] foarkomt.
 
== Taksanomy ==
De Goudtûfkes waarden fanâlds altiten by de [[Sjongers]] yndield, mar tsjinwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (''Regulidae'') set.<br />
De Goudtûfkes op de [[Kanaryske Eilannen]], earder in ûndersoarte fan de Goudtûfkes, wurde tsjinwurdich as aparte soarte sjoen, it [[Tenerife Goudtûfke]] (''Regulus teneriffae'').
 
== Foarkommen ==
It Goudtûfke is likernoch 9 sm grut en is de lytste fûgel fan Europa, it fûgeltsje hat in gewicht tusken de fjouwer en sân gram. It meast opfallende merkteken is de streek op harren krún. Dizze is by de mântsjes oranje en hat by de wyfkes wat mear in giele kleur en hat oan beide siden in swarte streek derbydel. It [[Fjoertûfke]] hat lykwols in gelikense krúnstreek sadat se dermei betiisd wurde kinne, mar it Fjoertûfke hat in dúdliker tekening op de sydkant fan de kop rûnom de eagen. De fearren oan de boppekant binne gielbrun, de wjukken binne donkerder mei in wite wjukstreek. Fierder binne Goudtûfkes opfallend drokke fûgels dy't hast net stilsitte.
 
== Fersprieding ==
De Goudtûfkes binne it meast yn de bosken te finen, foaral nuddelbosken. Winterdeis komme se ek wol by de minsken yn de tún en op de foertafel.
Se komme foar yn Noard- en Midden-Jeropa en parten fan [[Aazje]]. De fûgels yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet binne trekfûgels dy't meast yn it súden fan [[Jeropa]] oerwinterje.
 
== Iten ==
Goudtûfkes ite [[ynsekten]].
 
== Fuortplanting ==
De Goudtûfkes meitsje in bolfoarmig nêst fan moas dat se oan it útein fan in tûke ophingje, meast heech yn in nuddelbeam. Meastentiids briede se twa kear, it wyfke leit 7-10 aaien dy't se yn sa'n twa wiken útbredt. De jongen fleane nei 16-18 dagen út.
 
Rigel 47:
[[nl:Goudhaantje]]
[[nn:Fuglekonge]]
[[pl:Mysikrólik zwyczajny]]
[[pt:Estrelinha-de-poupa]]
[[se:Loddegonagas]]