Lev Kamenev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: la:Leo Kamenev
L Bot - derby: gl:Lev Kámenev; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:1918 Lev Kamenev.jpg|thumb|Lev Kamenjev 1938]]
'''Lev Borisovitsj Kamenev''' ([[cyrillisch|Лев Борисович Каменев]]) ([[Moskou]], [[30 july]] [[1883]] - [[Moskou]], [[25 augustus]] [[1936]]) wie in Sovjet-Russyske politikus. Hy hjitte eins “Ronsenfeld”. Kamenev wie ôfkomstich út in [[Joad|Joadske]]ske famylje. Kamenev slute him oan as studint by de [[Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeidersparty]] (RDSAP. Yn [[1903]] waard hy lid fan de [[Bolsjwisme|Bolsjewistyske]] fleugel fan de party.
 
Kamenev wurke dêrnei as redakteur foar de “[[Pravda]]” en de “[[Sotsial-demokrat]]”. Yn [[1914]] waard Kamenev nei [[Sibearje]] ferbanne. Nei de [[febrewarisrevolúsje]] fan [[1917]] kaam Kamenev frij en waard hy lid fan de Sovjet fan [[Sint-Petersburch]]. Nei de [[oktoberrevolúsje]] waard hy foarsitter fan it Sintrale Utfierende Komitee fan de Sovjets en waard dêrmei de lieder fan Sosjalistysk Ruslân. Hy moast al gau belies jaan sadat [[Jakov Swerdlov]] him op folgje koe.
 
Yn 1919 waard Kamenev ien fan de fiif leden fan it [[Politburo]] fan de Russyske Kommunistyske Partij, sa neamde de Bolsjewistyske partij harsels. Tegearre mei [[Grigori Zinofjev]] en [[Jozef Stalin]] foarme hy in trijemanskip rjochte tsjin [[Leon Trotski]]. Yn 1925 waard it wer oars en gie hy in ferbûn oan mei Zonofjev tsjin Stalin. Mar yn 1926 wûn Stalin de machtstriid yn de partij en waard Kamenev degradearre ta kandidaat-lid fan it Politburo. Fan 1926 oant 1927 wie Kamenev ambassadeur yn [[Itaalje]]. Nei de moard op [[Sergej Kirov]], yn 1934 waarden sawol Kamenev as Zinovjef beskuldige fan dizze moard. Se waarden feroardield ta tsien jier finzenisstraf. Yn 1936 waard Kamenev ta de dea feroardield omdat hy lid west hawwe soe fan in kûppoging. Yn [[1988]] waard bekend makke dat alle beskuldigen fan doe ûnterjochte wienen.
 
[[Kategory:Ruslân]]
Rigel 18:
[[fi:Lev Kamenev]]
[[fr:Lev Kamenev]]
[[gl:Lev Kámenev]]
[[he:לב קמנייב]]
[[hu:Lev Boriszovics Kamenyev]]