De Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 21:
De opsplitsing fan de Nederlannen yn in noardlik en súdlik part stammet út de tiid fan de Spaanske oerhearsking. Filips II woe de wyls [[kalvinisme|kalvinistysk]] wurden Noardlike Nederlannen op 'e nij ta it [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk-katolisisme]] bekeare, wat ta in protte ferset liede. Dat ferset of [[de Nederlânske Opstân]] wurdt de [[Tachtichjierrige Oarloch]] neamd en rûn fan [[1568]] oant [[1648]], mei in [[Tolvejierrich Bestân]] yn de jierren [[1609]] oant [[1621]]. By dizze opstân fûn de iensidige ûnôfhinkliksferklearring plak fan de Noardlike Nederlannen, troch de proklamaasje fan it [[Plakkaat van Verlatinghe]], dat yn [[De Haach]] ûndertekene waard op [[26 july]] [[1581]]. Aan dizze tastân kaam foarfêst in ein mei de [[Frede fan Münster]] fan [[1648]].
 
==== Noarden ====
Yn it '''Noarden''' ûntstie yn it tiidrek [[1581]]-[[1588]] de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Dizze Republyk bestie ûnûnderbrutsen oant [[1795]] doe't Frânske revolúsjonêren in ein makken oan de selstannigens fan de republyk en opfolge wurde soe troch de [[Bataafske Republyk]]. Yn [[1801]] folge it [[Bataafske Mienebest]], dat yn [[1806]] omfoarme waard ta it [[Keninkryk Hollân]]. Dizze trije rezjyms wienen feitlike fazalsteaten fan Frankryk. Fan [[1809]]/[[1810]] oant [[1813]] hearde it Noarden offisjeel ta it [[Earste Frânske Keizerryk]].
 
==== Suden ====
It '''Suden''' fan de Nederlannen bleau fierders yn Spaanske hannen. Neidat de Spaanske tûke fan de Habsburgers útstoarn wie, waard by de [[Frede fan Utert]] ([[1713]]) regele dat it gebiet oergong nei de Eastenrykse Habsburgers. Sy bleauwen oer it gebiet hearskjen oant [[1795]]. Dêrnei hearde it by Frankryk en soe der oant [[1815]] by bliuwe.