Elbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "90.61.99.49" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Swarte Kees".
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 5:
De Elbe ûntspringt yn it Reuzebergte yn [[Tsjechje]]. Fia [[Pardubytsje]] en [[Ústí nad Labem]] rint de rivier nei it westen en komt súdeastlik fan [[Dresden]], [[Dútslân]] (dielsteat [[Saksen (dielsteat)|Saksen]]) yn. It bercheftich gebiet oant Dresden hjit de ''Sächsische Schweiz''. Fan [[Riesa]] ôf berikt de Elbe it leechlân en begjint de middenrin fan de rivier.
 
[[Ofbyld:Koenigstein Elbeblick.jpg|left|thumb|250px|<small>''De Elbe by Königstein yn de ''Sächsische Schweiz''</small>]] Fia [[Dessau]] en [[Magdeburg (stêd)|Maagdenburg]] ferrint de middenrin fan de Elbe fierder yn noardwestlike rjochting. By it stêdsje [[Lauenburch]] begjint it Elbe-Lubekkanaal, dat de rivier sûnt 1900 mei de [[Eastsee]] ferbynt. In bytsje fierder streamôfwaarts is der by [[Geesthacht]] in [[stúw]]: fan dêr ôf is der [[getij]]wurking en begjint de ûnderrin fan de rivier.
 
Oan de ûnderrin oerhearsket de stêd [[Hamburch]], de grutste stêd oan de Elbe. De Elbe dielt har hjir yn twa tûken op: de ''Noarderelbe'' en de ''Suderelbe'', dy't letter wer byinoar komme. It part fan de ûnderrin fan Hamburch oant de Noardsee is bekend as de ''Niederelbe''.
 
[[Ofbyld:ElbeKM505.jpg|right|thumb|250px|<small>''De Elbe by Dönitz</small>'']]De Elbe mûnet by [[Cuxhaven (stêd)|Cuxhaven]] fia in [[estuarium]] út yn 'e [[Noardsee]]. It estuarium berikt by Cuxhaven syn grutste breedte: 15 km. De fuortsetting fan de Elbe yn de [[Waadsee]] hjit de Bûtenelbe (''Außenelbe'').
 
Yn augustus 2002 hienen grutte dielen fan it streamgebiet fan de Elbe as gefolch fan oerfloedige reinfal te krijen mei earnstige oerstreamings.