Alexander Comrie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Alexander Comrie
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
]
Rigel 2:
'''Alexander Comrie''' ([[16 desimber]] [[1706]], [[Perth]] (Skotlân) – desimber [[1774]], [[Gouda]]) wie in griffoarmearde [[predikant]] en ien fan de lêste fertsjinwurdigers fan de [[Fierdere Reformaasje]]. Hy fersette him tsjin de opkommende geast fan [[Ferljochting]]. Sawol [[Abraham Kuyper]] ([[Anty-Revolúsjonêre Partij|ARP]]) as [[Gerrit Hendrik Kersten]] ([[Steatkundich Grifformearde Partij]]) fielden har troch Comrie ynspireare.
 
Alexander Comrie stamme fan memmekant fan [[Andrew Gray]] ôf. Om syn 22e hinne kaam Comrie nei Hollân, dêr't er troch in pear rike freonen by steat steld waard om teology te studearjen. Op [[1 maaie]] [[1735]] waard er befestige yn [[Woubrugge]], dêr't er 38 jier bleaun is. Yn 1773 gie er mei emeritaat. Hy festige him dêrnei te [[Gouda]], dêr't er yn desimber 1774 oerleden is. Hy waard begroeven yn de Sint-Janstsjerke yn Gouda.
 
Comrie hat as preker foaral striden tsjin de spoaren fan de [[Ferljochting]] dy't yn de tsjerke en teology te finen wienen. It wie de geast fan tolerânsje, dêr't in tuskenwei socht waard tusken de âlde ortedoksy fan de Synoade fan Dordrecht en it Ferljochtingstinken.