Willem Loré: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
]]
twa tikflaterkes ferbettere
Rigel 6:
Troch syn betûftens yn 'e wiskunde waard er geregeld frege om ferdigeningswurken, dyken en slûzen te ûntwerpen.
 
Foar de oanlis fan diken kaam Willem Loré mei een revolusjonêr ûntwerp. Troch de diken breder te meitsjen, en fral troch se in flauwere [[falling]] te jaan, koene de dydiken wol in heale meter leger bliuwe as besteande diken wylst sy dochs sterker wiene. Boppedat koe it [[pealwurk]], dat oan de bûtekant fan de besteande diken pleats waard, ferfalle. Dêrtroch wiene de nije diken in stik goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld. Willem Loré hie it opsicht oer de ynpoldering fan de [[Nije Bildtpolder]] yn [[1715]], de ôfsluting fan it [[Dokkumer Djip]] yn [[1729]] en de oanlis fan de [[Koudumer Slieperdyk]] yn [[1732]] en de [[Surger Slieperdyk]] yn [[1733]].
 
Neist syn wurk by de oanlis fan slûzen en diken bleau Willem Loré les jaan oen de universiteit. Yn [[1736]] kaam er sels oan it [[Steedhâlderlik Hof]] om de jonge Fryske Stedehâlder Prins [[Willem CarelKarel Hindrik Friso]] yn de wiskunde te ûnderwizen. Yn [[1743]] krige Willem Loré noch in ûnderskieding foar syn fertsjinsten. Hy waard op 1 july 1743 oansteld as Professor Ekstra-Ordinaris yn de wiskunde. Lang hat er dêr net fan genietsje kind want op 22 maaie 1744 ferstoar Willem Loré yn de âldens fan 65 jier.
 
[[Kategory:Skiednis]]