Ferskil tusken ferzjes fan "Koer (tsjerke)"

ik hie in wurdsje tefolle fuorthelle
(wat tikflaters en ik ha der yn de tekst de fjouwer evangeeljes fan makke yn stee fan fjouwer evangelisten)
(ik hie in wurdsje tefolle fuorthelle)
 
== Untstean ==
It koer is ûntstien út de [[apsis (arsjitektuer)|apsis]]. De muontsen en harren [[liturgy]] krigen in plak bûten de tsjerke fan it kleaster, yn de gewoane parochytsjerken en katedralen. Dy liturgy bestie út it deistige gebed op in oantal fêste mominten, dêr't ek by sjongen waard. De muontsen krigen, fanwege harren bysûndere plak yn de tsjerklike mienskip, ek in bysûnder plak yn it tsjerkegebou. Se krigen in ôfskieden plak by it haadalter. It haadalter waard yn de apsis setten ynstee fan tusken apsis en it skip, yn de [[Krusing (boukeunst)|krusing]] of de fiering. De apsis waard ferlinge yn eastlike rjochting en oan de súd- en noardside fan it sa ûntstiene koer waarden koerbanken setten. De muontsen sieten tusken skip en alter yn.
 
Doe't de tsjerkearsjitektuer him ûntwikkele waard ek mear symbolyk yn de arsjitektuer lein: neist de krúsfoarm fan de tsjerke moast it koer en de apsis mids tolve pylders stean, dy't de tolve apostels symboalisearje. De fjouwer pylders oan de fjouwer hoeken fan de krusing stean foar de fjouwer evangeeljes, [[Evangeelje fan Matteus|Matteüs]], [[Markus (evangeelje)|Markus]], [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] en [[Jehannes (evangeelje)|Jehannes]]. It is wenst dat de muontsen elkoar psalmen en hymnen tasjonge, en dêrút is ús begryp [[koar (sang)|koar]] as oantsjutting fan in kloft minsken dy't in gearsang sjonge ûntstien.
19.956

bewurkings