Hearlikheid Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ynleiding wat oanfolle en yndieling wat oars
ferwizings
Rigel 2:
'''Hêarlikheid Fryslân''' is de beneaming dêr't it [[Fryslân|Fryske]] gewest mei oantsjutten wurdt yn it tiidrek tusken [[1524]] oant [[1795]]. It ûntstie doe't [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] de rjuchten oer Fryslân krige en einige mei de oprjochting fan de [[Bataafske Republyk]].
 
Yn [[1580]] waard it grutste diel fan [[Fryslân]] opnommen yn de [[Uny fan Utert (skiednis)|Uny fan Utert]]. It gewest waard doe oantsjutten as in "algemiene hearlikheid" oftewol ''"Heerlykhied Fryslân"''. Fanwege de ynterne ferdieldheden waard [[Fryslân]] as fiifde yn rang, dus nei [[Hearlikheid Utert|Utert]], yn it ferbûn opnommen.
 
De steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 11 stêden: [[Starum]] (1118), [[Harns]] (1243), [[Drylts]] (1268), [[Ljouwert]] (1285), [[Dokkum]] (1298), [[Boalsert]] (1331), [[Hylpen]] (1372), [[Frjentsjer]] (1374), [[Warkum]] (1399), [[Sleat]] (1426) en [[Snits]] (1456) en út de 30 [[gritenij]]en.
 
Fan [[1580]] ôf binne de [[steedhâlder]]s altyd leden fan it hûs fan [[Oranje-Nassau]] west. Dit is in feit dat de Oranjes letter brûkten as basis foar harren kleem op keningskip oer de Nederlannen dus ek oer Fryslân.
 
Op [[29 july]] [[1585]] stifte [[Willem Loadewyk fan Nassau|Willem Loadewyk]] yn [[Frjentsjer]] in universiteit foar (kalvinistyske) predikanten. Der waard foar Frjentsjer keazen sadat [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] net te belangryk wurde soe. Yn [[1645]] waard de [[Fryslân|Fryske]] [[admiraliteitAdmiraliteit]] fan [[Dokkum]] nei [[Harns]] ferpleatst.
 
Yn [[1648]] waard [[Fryslân]] net langer as [[hearlikheid]] sjoen en mei de [[frede fan Münster]] opdoekt ta in echt [[gewest]] fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]].
 
[[kategory:Skiednis fan Fryslân]]