Hjirop binne in soad fariaasjes mooglik. Sa wurdt it septym akkoard faak brûkt as oergongsakkoard. In wat yngewikkelder foarbyld kin der dan sa út komme te sjen, wêrby’t "<strong>7</strong>" it septym akkoard oantsjut :
B | S | S | B7 |<br>
S | S7 | B | B7 |<br>
D | S | T | D7 |<br>
As yn de lêste maat in dominant akkoard stiet, neamt men dy maat ek wol in oergongsmaat (''turnaround'').
Yn it ûndersteande foarbyld stiet it patroan yn D, en hoe’t it past yn in bepaald fers. Foar eltse tel is ien akkoard werjûn wêrby’t in streekje ( “-“ ) stiet foar it kontinuearjen fan it foarrige akkoard. It foarbyldfers slút ôf mei in oergongsmaat.