Lispuzel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gl:Crebacabezas
Aliter (oerlis | bydragen)
L 'faak'
Rigel 8:
*de aard fan de ôfbylding
 
De foarm fan de stikjes foar in soad lispuzels is sà, dat de stikjes oan sommige siden útsteksels hawwe dy't yn in ynkeping fan in oanbuorjend stikje passe. De patroanen fan dizze útsteksels kinne regelmjittich wêze, mar foar yngewikkelder puzels binne de stikjes ûnregelmjittiger. Yn guon puzels binne alle útsteksels itselde, yn oare puzels binne se allegear ferskillend sadat it yn téory mooglik is om de puzel op te lossen sûnder nei de ôfbylding te sjen. FaaksFaak is it patroan fan in lispuzzel sà dat op alle snijpunten 4 stikjes by elkoar komme: sa'n puzel is snien mei trochrinnende fertikale en horizontale linen. Der binne slimmere lispuzels wêrby't soks net it gefal is; dêr komme de snijlinen net allinnich by inoar yn ''krusingen'' mar ek yn ''T-splitsingen''.
 
Lispuzels binne te krijen fanôf 4 ienfâldich foarme stikjes mei in simpele ôfbylding foar de alderlytste bern, oant knapen fan inkele tûzenen (oant wol 15.000) stikjes wêrop tige yngewikkele en repetitive ôfbyldings steane. It yn elkoar lizzen fan gruttere modellen kin wol dagen oant wiken wurk kostje.