Klotildis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - oars: nl:Clothilde
st
Rigel 3:
 
==Libben==
Klotildis wie in [[Boergonden|Boergondyske]] keningsdochter. Har heit wie [[Gilperik II (fan de Boergonden)|Gilperik II]], ien fan de trije Boergondyske keningen dy't tsjininoar om de allinnich hearskippij stride soenen. Gilperik waard mei syn frou yn [[493]] slachtoffer fan de kriich om de macht en waard fermoarde troch syn broer [[Gundobad]]. Klotildis koe mei in suster flechtsje en waard fierder opfiede troch har oom [[Gundomar]] yn [[GenèveGenêve]].
 
Yn [[491]] trout sy mei de Frankyske kening [[Klovis I]]. Ien fan de houliksbetingsten hâlde yn dat Klovis it Katolike leauwen fan har respektearje moast. Hy sels wie oanhinger fan it [[Arianisme|Arianyske kristendom]]. As harren âldste soan komt te ferstjerren foar syn doopsel en de twadde nei syn doopsel slim siik wurdt, tinkt Klovis ynearsten dat dat komt troch de god fan syn frou. As úteinlik syn twadde soan better wurdt en hy letter de wichtige slach by [[Slach by Tolbiak|Tolbiak]] tsjin de [[Allemannen]] wint, lit Klovis him op [[krystdei]] [[498]] yn [[Reims]] dope ta it Katolike leauwen troch de hillige [[Remigius fan Reims|Remigius]].