Ferskil tusken ferzjes fan "Protestantisme"

wikt
(wikt)
 
== Skiednis==
[[Image:Pope cartoon.jpg|thumb|250px|Protestantske spotprint fan de [[Paus]] út de 16e ieu]]
Yn de lette [[Midsieuwen]] is it begjin fan it protestantisme al te sjen yn de iere ideeën fan guon geastliken. De Ingelsman [[John Wyclif]], dy't yn de [[14e ieu]] oan de earste Ingelske oersetting fan de [[Bibel]] meiwurke, wie ien fan de earsten fan dizze streaming dy't him fersette tsjin de macht en rykdom fan de Roomsk-katolike tsjerke. Ek de Tsjechyske heechlearaar [[Jan Hus]] wiisde oan it begjin fan de [[15e ieu]] op de organisaasje fan de tsjerke en it gesach fan de [[paus]]. Beiden woenen de tsjerke suvere hawwe fan net-Bibelske ynfloeden en werombringe nei har oarsprong.
 
== Streamingen ==
It Protestantisme bestiet út in grut ferskaat oan streamingen. Yn tsjinstelling mei de roomsk-katolike tsjerke is der gjin sintraal gesach dat de lear fan protestantske tsjerken bepaalt. Yn it ferline hat dat soarge foar in grut tal ôfskiedings. Guons fan de Protestantske streamingen binne ynternasjonaal útwreide, hoewol't it meastepart organisearre is yn lanlike tsjerkegenoatskippen.
 
== Keppeling om utens ==
* {{Wikiwurdboek|protestantisme}}.
 
[[Kategory:Kristendom]]