Flannaneilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 17:
 
 
'''===Ferdwining'''===
 
Op 15 desimber 1899 foel it de bemanning fan de stomer ''Archer'' op dat it ljocht fan de fjoertoer út wie. Kaptein Jamie Harvie makke der melding fan yn Oban.
Rigel 25:
Op 29 desimber 1900 kaam NLB-ynspekteur Robert Muirhead nei it eilân om de saak te ûndersykjen. Hy befêstige wat Moore en syn mannen ek al tocht hienen: Eilean Mòr wie slim teheistere west troch hege seeën. Dat die bliken út skea oan begroeiïng op grutte hichte, treppen en oare matearjalen. Ek wie der in ton swier rotsblok fan't plak rekke. Fierders lyke it wol dat de trije fjoertoerwachters hastich, sûnder harren oaljepakken oan, bûtendoar rekke wienen. Hja konkludearden dat de wachters fan it eilân spield wêze moasten troch ekstreem hege weagen.
 
'''===Ferklearrings'''===
 
De autoriteiten hiene genôch oan de wierskynlike tadracht fan it ûnk en lieten de saak fierders gewurde. Oaren koenen har der net by deljaan en it spekulearjen begûn ek om't slutend bewiis nea kommen is en der nea in spoar fan de manlju wer fûn is.