Flannaneilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Flannan Isles
→‎Ferdwining: oanfolling.
Rigel 22:
Om't it al dagen stoarmwaar west hie, kaam it befoarriedingsskip ''Hesperus'' mei seis dagen opûnthâld, op 26 desimber by Eilean Mòr oan mei foarrie en de ôflosser Joseph Moore. De wachters James Ducat, Thomas Marshall en Donald McArthur wie nearne te bekennen en reagearden net op lûd- en ljochtsinjalen. Moore en trije man fan de Hesperus sochten it hiele eilân ôf, mar fûnen gjin minske.
 
It frjemdste fan de saak wie dat de lêste notysje in it lochboek fan 15 desimber, 9 oere wie. Dat de mannen binne ferdwûn doet de stoarm him al dellein hie.
 
Op 29 desimber [[1900]] kaam NLB-ynspekteur Robert Muirhead nei it eilân om de saak te ûndersykjen. Hy befêstige wat Moore en syn mannen ek al tocht hienen: Eilean Mòr wie slim teheistere west troch hege seeën. Dat die bliken út skea oan begroeiïng op grutte hichte, treppen en oare matearjalen. Ek wie der in ton swier rotsblok fan't plak rekke. Fierders lyke it wol dat de trije fjoertoerwachters hastich, sûnder harren oaljepakken oan, bûtendoar rekke wienen. Hja konkludearden dat de wachters fan it eilân spield wêze moasten troch ekstreem hege weagen.