Feriening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lege side
oplapt (obv http://nl.wikipedia.org/w/index.php?title=Vereniging_(rechtspersoon)&oldid=16565448)
Rigel 1:
In '''feriening''' is in organisaasje mei [[rjochtspersoanlikheid]], dy't bestiet út in groep minsken dy't tegearre in bepaald doel befoarderje of stypje wolle.
{{wiskwarskôging}}
 
== Beskriuwing ==
Yn Nederlân wurde de rjochten en plichten fan ferienings regele yn Boek 2 fan it [[Boargerlik Wetboek]]. Oer it generaal wurdt in feriening oprjochte troch dêrfan by in [[notaris]] in [[akte]] op te meitsjen. Dat is net ferplicht, mar as der gjin akte is, is it juridysk foech fan de feriening beheind en binne de bestjoerders sels oansprakelik foar wat út namme fan de feriening dien wurdt.
 
As der in oprjochtingsakte is, binne der ek [[statuten]]. Dêryn moat fan de wet yn elts gefal stean wat it doel fan de feriening is, wat de verplichtingen fan de leden binne, hoe't de algemiene ledengearkomste organisearre wurdt en hoe't bestjoerders beneamd en ûntslein wurde. Fierder lit de wet in soad romte om oare saken yn de statuten te regeljen.
 
It doel fan in feriening mei net it ferparte fan winst ûnder de leden wêze. Soks bestjut net dat der gjin winst makke wurde mei, mar winst dy't al makke wurdt moat brûkt wurde foar saken dy't mei it doel fan de feriening te krijen hawwe.
 
Teminsten ien kear yn it jier moat in feriening in [[algemiene ledengearkomste]] hâlde. Derfoar moatte alle leden útnoege wurde, dy't dan prate en beslisse kinne oer it belied fan de organisaasje. Yn eltse feriening hat de algemiene ledengearkomste it lêste wurd. Tige grutte ferienings meitsje faak gebrûk fan in systeem wêrby de leden fertsjintwurdigers kieze, dy't dan tegearre it heechste orgaan fan de feriening binne. Sa'n orgaan wurdt dan faak ledenrie of bûnsrie neamd.
 
De deiske lieding fan in feriening leit by it [[bestjoer]], dat meastal út in foarsitter, in skriuwer, in skathâlder en faak ek noch út oare leden bestiet. Guon grutte ferienings bestean út ôfdielings, dy't dan meast in eigen bestjoer hawwe.
 
[[Kategory:Rjocht]]
 
[[ca:Associació]]
[[cs:Spolek (právo)]]
[[da:Forening]]
[[de:Verein]]
[[el:Συνεταιρισμός]]
[[en:Voluntary association]]
[[eo:Asocio]]
[[es:Asociación voluntaria]]
[[fa:انجمن]]
[[fi:Kokoontumisvapaus]]
[[fr:Association loi de 1901]]
[[gl:Asociación]]
[[he:עמותה]]
[[it:Associazione (diritto)]]
[[ja:組合]]
[[ko:조합 (사법)]]
[[lb:Veräiner an Organismen]]
[[lv:Pulcēšanās brīvība]]
[[no:Forsamlingsfrihet]]
[[nl:Vereniging (rechtspersoon)]]
[[pl:Stowarzyszenie]]
[[pt:Associação]]
[[ru:Свобода собраний]]
[[simple:Freedom of assembly]]
[[sl:Društvo]]
[[sv:Förening]]
[[tr:Dernek]]
[[vi:Tự do lập hội]]
[[zh:协会]]