Ferskil tusken ferzjes fan "Flannaneilannen"

(→‎Ferdwining: oanfolling.)
===Ferklearrings===
 
De autoriteiten hiene genôch oan de wierskynlike tadracht fan it ûnk en lieten de saak fierders gewurde. Oaren koenen har der net by deljaan en it spekulearjen begûn, ek om't slutend bewiis nea kommen is en der nea in spoar fan de manlju wer fûn is.
Guon mienden dat de wachters ûntfierd wiene troch bûtenlânske spionnen of dat se meinaam wiene troch mânske seefûgels of sels kolossale seeslangen.
Letter kamen der paranormale ferklearrings by, bygelyks ûntfiering troch bûtenierdske wêzens yn [[UFO]]'s. Ek is der tocht oan moard of dat se harsels tekoart dien hienen.
It romantysk byld fan trije man yn de iensumens fan in isoleare, desolaat eilân sil harres wol ta alternative ferklearrings dien hawwe.
 
Yn hiel it lân waard er oer skreaun,: yn kranten, lieten en fersen. Ek resinter hat it foarfal keunstners ynspireare. Yn 1968 naam de popgroep [[Genesis]] de song ''The Mystery of the Lighthouse'' op. [[Peter Maxwell Davies]] skreaun yn 1979 de keameropera ''The Lighthouse'' en fan Angela J. Elliot ferskynde yn 2005 de roman ''Some Strange Scent of Death''.
 
Serieus ûndersyk troch Nicolson yn [[1995]] en troch Haswell-Smith yn [[2004]] hawwe einliks allinnich opsmiten dat Ducat, Marshall en McArthur yndie troch de see ferswolge wêze moatte.