Feriening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
wikt, -ynterwiki
Rigel 4:
Yn Nederlân wurde de rjochten en plichten fan ferienings regele yn Boek 2 fan it [[Boargerlik Wetboek]]. Oer it generaal wurdt in feriening oprjochte troch dêrfan by in [[notaris]] in [[akte]] op te meitsjen. Dat is net ferplicht, mar as der gjin akte is, is it juridysk foech fan de feriening beheind en binne de bestjoerders sels oansprakelik foar wat út namme fan de feriening dien wurdt.
 
As der in oprjochtingsakte is, binne der ek [[statuten]]. Dêryn moat fan de wet yn elts gefal stean wat it doel fan de feriening is, wat de verplichtingenferplichtings fan de leden binne, hoe't de algemiene ledengearkomste organisearre wurdt en hoe't bestjoerders beneamd en ûntslein wurde. Fierder lit de wet in soad romte om oare saken yn de statuten te regeljen.
 
It doel fan in feriening mei net it ferparten fan winst ûnder de leden wêze. Soks betsjut net dat der gjin winst makke wurde mei, mar winst dy't al makke wurdt moat brûkt wurde foar saken dy't mei it doel fan de feriening te krijen hawwe.