Makkumer Mar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''Makkumer Mar''' of '''Kâlde Mar''' wie in earder mar oan de eastkant fan Makkum. De mar waard droechmakke tusken 1876-1879, tagelyk mei de Parregeaster Mar en de [[Warkumer Mar…
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan "Makkumermar"
Rigel 1:
De '''Makkumer Mar''' of '''KâldeKâld Mar''' wie in earder mar oan de eastkant fan Makkum. De mar waard droechmakke tusken 1876-1879, tagelyk mei de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumer Mar]]ren dy't súdliker leinen. By Keninklik Beslút 1874 krige L.C. Ledeboer fan Makkum de konsesje ta droechmeitsjen. Yn 1967 Fryske Lânoanwinningsmaatskippij.
 
Ien fan de betingsten wie it 'graven' fan in skipfeartkanaal (sjoch [[Panhuyskanaal]]) dwers troch de mar tusken de [[Grutte Sylroede]] en Kakeshoek. De sa ûntstiene Noarder- en Sudermarpolders binne mei in grûndûker mei elkoar ferbûn. Yn 1876 naam de steat de trije marren oer. It droechmeitsjen barde ûnder stoom. It gemaal yn de noardwesthoeke Sudermarpolder fan [[1881]] is yn [[1926]] elektrifisearre en bemealt Makkumer en Parregeaster Marpolders. Nei beslút ta likwidaasje Lânoanwinningsmaatskippij waarden de margrûnen 1882/1883 ferkocht oan F.A. van Hall yn Utert. Dizze stifte pleatsen, eksploitearre de grûnen ±30 jier en ferkocht doe syn eigendommen yn de marpolders by gedieltes. De oerflakte fan de Makkumer Marpolder is ± 260 ha., en de leechste terreinhichte -2,2 m. NAP.
 
Der hawwe plannen west om de polder, dy't as lânbougebiet brûkt wurdt, wer ûnder wetter te setten fanwege it toerisme, mar dizze plannen binne en wurde net útfierd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red.}} - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : ''Makkumer- of Koudemeer''}}
 
== Sjoch ek ==
[[Ynpolderingen yn Súdwest-Fryslân]]
 
[[Kategory:Makkum]]
[[Kategory:Polder yn Fryslân]]
[[Kategory:Wûnseradiel]]
 
[[nl:Makkumermeer]]