Monomear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: In '''monomear''' is yn de gemy in inkelfâldige gemyske ferbining. ''Mono'' is Gryksk foar "ien", en ''meros'' foar "part". Monomear stiet tsjinoer dimear, oligomear en […
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 jun 2009 om 16.54

In monomear is yn de gemy in inkelfâldige gemyske ferbining. Mono is Gryksk foar "ien", en meros foar "part". Monomear stiet tsjinoer dimear, oligomear en polymear, dy't elk ferwize nei molekulen of kompleksen dy't út meardere ûnderdielen bestean.

Foarbylden fan natuerlike monomearen binne monosachariden foar de sûkers, en aminosoeren dy't as polymear aaiwiten meitsje. Folle ienfâldige organyske ferbinings wurden brûkt as monomear yn syntetyske polymearen.