Atoommassa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: As de namme oanjout, is de '''atoommassa''' de massa fan in atoom. De atoommassa wurdt oanjout yn atomêre massa-ienheden (u). Elk isotoop fan in [[gemysk e…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 jun 2009 om 09.35

As de namme oanjout, is de atoommassa de massa fan in atoom. De atoommassa wurdt oanjout yn atomêre massa-ienheden (u). Elk isotoop fan in gemysk elemint hat in oare atoommassa.

De atoommassa fan in elemint as hiel is definiearre as it woegen trochsneed fan de atoommassa's fan alle natuerlike isotopen, wêrby de weachfaktor fan in isotoop de relative oanwêzichheid op ierde is. Dit trochsneed wurdt meastal oanjout as de relative atoommassa.

Ferbân mei oare ienheden

Ien mol koalstof fan it isotoop 12C hat in massa fan 12 gram. De atoommassa fan ien atoom 12C is lyk oan:
12 / NA gram = 1,93×10-26 kg
NA stiet foar Avogadro's nûmer, it tal atomen yn ien mol massa.

Sjoch ek