Sudergoa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
skiednis
oanfolle, - stobbe
Rigel 1:
'''Sudergoa''' wie yn de iere [[Midsieuwen]], tegearre mei [[Westergoa]] en [[Eastergoa]] ien fan de trije [[goa]]ën yn de provinsje [[Fryslân]]. Fan de [[13e ieu]] ôf gong Sudergoa diel útmeitsjen fan [[Westergoa]].
 
==Skiednis==
[[Starum]] wie it destiidske sintrum fan de Sudergoa.
Yn de [[Frankyske Ryk|Frankyske tiid]] wie destiids sprake fan in goagreefskip mei [[Starum]] as sintrum. Yn lettere skriften is ek sprake fan greefskip Starum. De namme Sudergoa soe dan in ferwizing west hawwe kind op de lizzing neffens de oare goaën yn de omjouwing, Westergoa, Eastergoa en Sânwâlden.
 
De âldste fermelding fan de goa datearet út [[845]] as skreaun wurdt oer in skinking fan lân oan it [[kleaster Werden]] lizzend yn Sudergoa. Yn [[1006]] krige [[Liudolf fan Brunswyk]] de Fryske goaën yn hannen en gong Sudergoa diel útmeitsje fan [[Greefskip Mid-Fryslân]].
 
Yn in dokumint út [[1086]] is sprake fan de gift fan greefskip Starum oan de [[Prinsbisdom Utert|biskop fan Utert]]. As reden foar dizze nammewiziging soe wêze kinnen dat in grut part fan it greefskip Sudergoa tusken 845 en 1086 ferlearn gongen wie troch de foarming fan de [[Sudersee]]. It oerbleaune part soe dêrom mei Starum oantsjutten wurde.
 
==Fuotnoaten==
<references/>
 
{{stobbe-skiednis}}
 
[[Kategory:Goa]]