Gytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de wegen
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
namme
Rigel 2:
'''Gytsjerk''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]]. It doarp hat likernôch 2.277 ynwenners (2006).
 
Gytsjerk is it súdlikste doarp fan de [[Trynwâlden]]; it leit tusken [[Oentsjerk]] en [[Ryptsjerk]]. It is ûntstienneamd nei ''Gatzerka'', in namme dy't tsjerke fan it doarp betsjutte soe. Dy tsjerke moat dan om 1100 boud wêze by it krúspunt fan de wei fan Ljouwert nei Dokkum en de east-westferbining fan Ljouwert oer de Canterlandsewei en de Nije strjitwei. It doarp is yn de sântiger jierren hurd groeid, de útwreiding giet no wat stadiger. It doarp hat in eigen swimbad: De Sân Doarpen. Sûnt de swimbaden yn de plakken om Gytsjerk hinne sluten binne, is it der folle drokker wurden. Der sit ek in post fan de brânwar yn Gytsjerk. De grutste wurkjouwer is Jelle Bijlsma b.v., dat fan in leanbedriuw útgroeid is ta in grut bedriuw foar kultuertechnyske wurken. Yn it âld molkfabryk sitte in tal lytse bedriuwkes.
 
Efkes bûten Gytsjerk, op de [[Kanterlânsbrêge]] komme in soad minsken byte sjen. Op dizze brêge binne tûzenen ôfbylden fan alvestêderiders ferwurke yn it 'It sil heve elfstedenmonumint'. Alle tegeltjes op de "tegeltsjebrêge" meiïnoar foarmje in mozayk fan in groep foarbygeande hurdriders.