Gytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
namme
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Sjoerda state ( boarne: ww.stinseninfriesland.nl)
Rigel 16:
Gytsjerk lei eartiids op in nei alle kanten ôfsluten sâneilân. Mei de doarpen Aldtsjerk en Oentsjerk ûntstie weat fan ferbûnenens en yn de rin fan de tiid krige dit heger lizzende gebiet de namme: De Trynwâlden. It sâneilân wie lang ferlyn tige ryk oan bosk en yn de Midsieuwen wennen hjir minsken, dy't de rânen fan dit gebiet meast brûkten foar boulân. De earste bewenners sille grif de âld Germaanske grûnferdieling tapast hawwe. Tige wichtich by de rjochtsgong wie doe dat elke boer rjocht hie op in oandiel yn it mienskiplike besit, it saneamde mienskar. Alde stikken yn Gytsjerk fermelde noch it bestean fan sa'n mienskar ( ± 1581)
De buorkerijen yn Gytsjerk wienen boud op de hegere gedieltes fan it sâneilân en de bouwlannen leinen yn stroken efter dy pleatsen. Foar feehâlders wie it leger lizzende lân geskikt en yn de boerenmienskip gou de regel: hoe grutter it besit oan boulân nammerste mear men rjocht hie op de 'grasinge of koeganck' yn it mienskar, dat sda'n 600 [[pûnsmiet]] grut wie. Neist de einekoai op de Gytsjerksterhoek wie de tagong en as de kij molken wienen, dan wachten de boeren ornaris op elkoar om dêrnei meiïnoar op hûs oan te gean.
 
== Sjoerda state ==
Yn 1511 wurdt foar it earst skreaun oer eigener Lieuwe sjoerda fan Sjoerda state dat oan it Eastein stien hat op it stee dêr't yn 2008 in wenbuorkerij stiet.
Nei alle gedachten hawwe letter syn soan Sicke Lieuwes Sjoerda en syn pakesizzer Benne Sickes Sjoerda de state yn eigendom hân. Benne Sickes wie troud mei Jent Rintses Ytsma. Yn 1640 wie de state fan Sytske Bennes Sjoerda. Hja wie troud mei Jonkhear mr. Tinco fan Andringha, grytman fan [[Utingeradiel]]. Se wennen sels yn Akkrum mar ferhierden de state oan Ate Copsma. Yn 1660 wenne Ina fan Andringha fermelden, hja wie troud mei dr. Hartesius Jepema, riedshear oan it Hof fan Fryslân. Yn 1698 wennet op de state dr. Suffridus (Sjoerd) Eelcoma yn 1748 Arnoldus Gerardus Ernthuys en dêrnei T. Sijlstra en syn dochter Clara Maria Sijlstra.
 
Sjoerda state wurdt beskreaun as "een Slot met deszelfs lange laan van stamboomen en grooten Boerenplaats van wel 140 pondematen lands, aan de weg van Giekerk naar Oenkerk" en "Buitenverblijf met bos, weiland, plaisierlaan, huis en erf, tuin, boomgaard, water tot vermaak en een plaisierbos met boerderij".
It slot wie "út it wetter ophelle" en in lange leane rûn dêrwei nei Gytsjerk en kaam út op de Rinia van Nautawei.
Op [[30 desimber]] [[1850]] waard de "buitenplaats Sjoerda-state te Giekerk met 80 bunder greide, bouw en bosgrond" ferkocht. De widdo P.S. Westra wie doe de (lêste) bewenner fan de state dy't dêrnei sloopt waard, der is neat mear fan oerbleaun. Der waard doe in pleats setten dy't nei in brân ferfongen waard troch in wenbuorkerij.
 
== Tsjerke ==
Gytsjerk hat de âdste tsjerke fan Trynwâlden. De tsjerke út it begjin fan de [[12e ieu]] is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is oplutsen út Dútse [[dowestien]. De súdmuorre is net orizjineel omdat der yn de [[19e ieu]] grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant midden 19e ieu stie oan de súdkant fan de tsjerke in toer, meastentiids stiene tuorren oriïntaals. De nijboude westgevel krige yn de 19e ieu it tuorke.
De koersluting hat in rûne bôge mei reade sânstienen muorrepylderkes. De meubels komme út de [[17e ieu]]. Doe't de preekstoel yn [[1937]] ferbaarnde is der in nijenien makke troch timmerfeint Bottema.
 
=== rouboerden ===
Oan de muorren hingje trije [[rouboerd]]en. Benammen begoedige lju, faak fan adel, krigen destiids nei harren dea sa'n boerd at se in soad foar tsjerke dien hienen. De boerden binne oantinkens oan de bewenners fan it eardere lângoed ‘Buitenlust’ dat eartiids oan de súdkant fan Gytsjerk oan de singel lei.