Fjodor Tjûttsjev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
tikflaterke
Rigel 7:
Yn 1846 moete er [[Elena Denisjeva]], tweintich jier jonger as him, en begûn in ferhâlding mei har. Se krigen trije bern. Elena stoar oan [[tuberkuloaze]]. Harren relaasje hat leafdespoëzij opsmiten dy't ta it bêste yn it Russysk rekkene wurdt. It gedicht ''De lêste leafde'', wurdt faak sjoen as Tjoettsjev's masterwurk.
 
Nei de dea, begjin 70er jierren, fan syn broer, syn dochter en syn soan, rekke Tjoettsjev foar in part ferlamme. HeHy stoar yn [[Tsarskoje Selo]] yn 1873 en waard begroeven op it hôf fan it [[Novodevitsji Kleaster]] yn St Petersburch.
 
== Wurk ==
Syn gedichten ûnderskiede harren troch djippe tinzen, waarm gefoel en in hast folmakke foarm. Tjoettsjev makke ek oersettings fan fral Dútske dichters, wêrdêr't [[Heinrich Heine]], [[Johann Wolfgang von Goethe]] en [[Friedrich Schiller]] ûnder wiene. Dat beslacht in fyfde part fan yn totaal 300 fan syn gedichten yn it Russysk. Dochs wie er as dichter by syn libben net sa bekend. Tjoettsjev beskôge syn skriuwerij as leafhawwerij, net geskikt om út te jaan. Faak skreaun er se net iens op, men moast him oantrune om er wurk fan te meitsjen. Yn it deistich libben spriek er allinnich [[Frânsk]] sa as de measten fan de Russyske ''upper class''.
 
Earst yn 1854 is de earste samling ferzen printe, taret troch [[Toergenjev]] en sûnder dat Tjoettsjev him er mei bemuoide.