Meskenwier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
'
Aliter (oerlis | bydragen)
keppeling
Rigel 1:
'''Meskenwier''' is in âlde [[kop-hals-romppleats]] by de Terhernsterdyk by [[Akkrum]]. It krige syn namme troch de 'mersken', stikken lân dy't winterdeis ûnder wetter stienen en 'wier' as oare namme foar [[terp]]. De 200 jier âlde pleats leit dus op in terp oan [[De Boarn]], in útrinner fan de eardere [[Middelsee]]. Op de terp stie eartiids in [[stins]]. Yn de 'kop' waard eartiids tsiis en bûter makke en omdat der gjin kuolling wie steane hast alle pleatsen mei de kop op it noarden. Spesjaal is dakbedekking fan flakke, skobfoarmige dakpannen.
 
It lân rûn oan De Boarn ta, dit foarme de ferbining mei omlizzende wetters en doarpen as [[Grou]], [[Terherne]], [[Goaiïngaryp]], [[De Jouwer]] en Snits.