Eastergoa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Wat oer gebiet en parten fan Eastergoa.
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 nov 2003 om 04.00

Eastergoa wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinsen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân leinen. Letter wie it ien fan de trije gouwen, fan Fryslân.

Gebiet

Nei it westen wie Eastergoa beheind troch de Middelsee, mei oan de oare kant de Middelsee. Nei it suden wienen de Alde Leppedyk en de Boarn de grins mei Bornegoa, en letter mei Sânwâlden. Nei it easten foarmen de Lauwers en de Lauwersee de grins mei de Ommelannen.

1200

Hiel dit gebiet hearde ta Wininge, útsein Achtkarspelen, dat doe noch net ta Eastergoa rekkene waard. Om 1200 hinne bestie Wininge út Dantumadiel, Dongeradiel en Ferweradiel in it noarden, en Idaarderadiel, Ljouwerteradiel enTytsjerksteradiel yn it suden. Om 1250 is it op die wize yn de "noardlike njoggen" en de "sudlike njoggen" split.

1500

Om 1500 hinne wienen dy parten fierder útelkoar fallen sa't Eastergoa al split wie yn de bekende twa stêden, Ljouwert en Dokkum, en de âlve gritenijen, Achterkarspelen, Dantumadiel, East-Dongeradiel, Ferweradiel, Idaarderadiel, Ljouwerteradiel, Kollum en Nije Krúslân, RaerderhimSmellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel.