Kleaster Ihlow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering: Landshaft -> Landschaft; keunstneresse -> keunsteneresse; kategory: kleaster; interwiki: de
tikflaterke + wurdkar
Rigel 1:
'''Kleaster Ihlow''' of '''Monasterium Sanctae Mariae in Schola Dei''' wie in kleaster dat 8 km. súdsúdwestsúd súdwest fan [[Auwerk]] yn [[East-Fryslân]] lei. It lei tusken de moerassensompen, feangebieten en taksusbosken fan it 350 ha. grutte [[Ihlower Forst]] en waard yn [[1228]] as [[sistersjenzer]] kleaster Schola Dei stifte. It wie de grutste fan 28 East-Fryske kleasters. De abten spilen in grutte rol yn kultuer en polityk. It kleaster wie de kânselarij fan it bûn fan de [[Upstalbeam]]. De Upstalbeam stie in seis km. benoadenbenoarden it kleaster. Trijehûndert jier letter waard it by de herfoarming (sechtich jier earder as by ús) yn [[1529]] troch greve [[Enno II]] ôfbrekke litten en ferkocht.
 
It kleaster wie fan deselde oarder as [[Klaarkamp]] yn [[Rinsumageast]] (earder Ringesheim) by de feangebieten fan [[Moarrewâld]] ( moarre=moar, fean of moeras sompe). Kleaster Ihlow waard dan ek stifte nei in fersyk fan muontsen oan de abt fan Klaarkamp, mar dy liet it oer oan de abt fan Aduard. It kleaster hie grutte betsjutting foar de [[feanterij]] yn dizze kontreien.
 
Yn 1973 waard troch de [[Ostfriesische Landschaft]] (fergelykber mei de Fryske Akademy) begûn mei argeologyske opgravings.
Yn 1986 waarden de kontoeren fan de kleastertsjerke oanjûn mei in meter heech opmitsele bakstien.
Yn 2005 waard begûn mei in rekonsruksjerekonstruksje dy't yn 2009 syn beslach krige. De kontoeren fan de eardere kleastertsjerke binne sichtber makke troch reade stielen freems fan mear as 30 m. heech. De pylders wurde foarsteld as grutte spanten en it dak wurdt oanjûn mei fersinkte stielen balken. Mei in treptoer kin men nei boppen en oer in pear loopbrêgen nei de dakruter sadat it kleastergebiet oersjoen wurde kin. Yn de krypte is in permaninte tentoanstelling fan argeologyske fynsten: pylderfuotten, sulveren muntsjes. Yn de apsisromte hingje foarstellings fan sistersjenzer kleastertsjerken. Op it paad nei it kleasterplak hinget in baldakyn mei in yndrukwekkende tekst oer oer de [[Fryske Frijheid]]. It is makke troch keunsteneresse Monika Kühling.
 
{{boarnen|boarnefernijing=