Minske-offer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L →‎Azteken: plaatsje
Rigel 7:
 
== Azteken ==
[[Ofbyld:Mendoza HumanSacrifice.jpg|thumb|right|300px|Minskeoffer by de Azteken]]
De [[Azteken]] fan sintraal [[Meksiko]], dy't om 'e praktyk bekendstienen, leauden dat se libben yn 'e fyfde wrâld. De fjouwer foargeande wrâlden wienen elts einige yn in apokalyptyske ferneatiging troch it ferstjerren fan 'e sinne, nei't de goaden harren kosmyske striid tsjin 'e demoanen ferlern hienen. Neffens de myte offeren alle goaden útsein de leffe [[Xolotl]], de god fan 'e meunsters en alles dat dûbeld is, lykas twillingen, oan it begjin fan 'e fyfde wrâld harren bloed om in nije sinne te meitsjen. De Azteekske offerrituëlen, útfierd boppe-op 'e piramidefoarmige ''Grutte Timpel'' yn it sintrum fan [[Tenochtitlán]], it hjoeddeiske [[Meksiko-Stêd]], wienen dêrom bedoeld as fuortsterkjend iten foar de goaden, sadat it opgean fan 'e sinne feilichsteld wurde soe.