Dylan Thomas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
L oanf. letter mear
Rigel 4:
Syn bekendste wurk is ''Under milkwood''.
 
== Libben en wurk ==
11 july 1937 troude Dylan Thomas mei [[Caitlin MacNamara]], in dûnseres.
Dylan Thomas syn heit, D.J. Thomas, is learaar Ingelsk oan de Swansea Grammar School en kiest derfoar syn soan mei it Ingelsk grut te bringen yn stee fan it [[Welsh]], de sprake fan sy mem. Hy bringt him ek de leafde foar de literatuer by. Nei inkelde moannen middelbare skoalle skriuwt Dylan al syn earste ferzen foar de skoalkrante. It gedicht 'His Reqiem' blykt letter plagiaat te wêzen.
 
Fan skoalle ôf (yn 1931) kriget er wurk by ''The South Wales Daily Post'', in lokale krante. Hy is dêr korrektor, ferslachjouwer en ''freelance'' meiwurker. Tuskentiids rekket er befreone mei de dichter [[Vernon Watkins]], wêr't er de rest fan syn libben in literaire relaasje mei hâld.
 
Thomas hâld en draagt him as in non-conformist: hy drinkt fiersten tefolle, hâld him net oan ôfspraken en klaait him dêr ek neffens. Stik foar stik saken dy't neffens him by it dichterskip heare. Ein 1933 en begjin 1934 skriuwt er sa'n 30 gedichten wêrfan 13 syn earste bondel helje, "18 gedichten". Syn twadde "25 gedichten" komt yn 1936 út, beide binne in sukses. Hy ferfart nei [[Londen]] wêr't er syn lossinnich libben fourtset.
 
11 july 1937 troude Dylan Thomas mei [[Caitlin MacNamara]], in dûnseres ú Ierlân. Se hiere in hûs yn [[Laugharne]] yn Wales. It houlik rekket út en troch yn swier waar troch jildsoargen en de dranksucht fan it stel, mar se bliuwe al byinoar. Se krije twa soannen en in dochter.
 
 
 
== Priuwke poëzij ==