Gouden fyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 19:
 
[[Roger Penrose]] ûntdekte in patroan (de [[Penrose-betegeling]]) dat de goudene sneed brûkt yn it fjild fan [[net-periodike flakfolling]]en. Dit late ta nije ynsichten yn [[kwasikristal]]len.
 
=== Estetika===
It duorre oant de 19e ieu eardat de goudene sneed bûten it domein fan de wiskunde in bysûndere betsjutting takend waard.
De goudene sneed soe sûnt dy tiid neffens guons in yntrinsike skientme hawwe wêrtroch't dy ferhâlding in soad foarkomme soe yn klassike arsjitektuer, skilderkeunst en yn de libbene natoer. De Dútser [[Adolf Zeising]] publisearre yn 1854 bygelyks ''Neue Lehre von den Proportionen des menschlichen Körpers''. Yn dat boek ferdigent hy de opfetting dat it ideale minsklike lichem folslein neffens de goudene sneedferhâlding opboud is. Ek de bylden dy't [[Phidias]] makke yn it [[Partenon]] wurde troch guont yn ferbân brocht mei de goudene sneed. De earste letter fan syn namme, de Grykske letter φ, waard dêrom troch [[Mark Barr]] brûkt om de goudene sneed oan te tsjutten.
 
De estetyske status fan de goudene sneed bliuwt omstriden. Earder as ± 1830 komt de goudene sneed net foar yn geskriften oer skilderkeunst of arsjitektuer en foar de bewearing dat de ferhâlding faak foarkomme soe of dat de minsk in ûnbewuste foarkar foar dizze ferhâlding hawwe soe, bestiet gjin wiskundich bewiis. It oardeel oft de goudene sneed op it mêd fan de estetika in bysûndere status takomt, bliuwt dêrmei ôfhinklik fan de yndividuele beskoger.
 
==== De Modulor ====
In arsjitektoanysk maatsysteem dat bewust gebrûk makket fan de goudene sneed is de [[Modulor]]. It systeem waard tusken 1942 en 1955 ûntwikkele troch de Switsersk-Frânske arsjitekt [[Le Corbusier]] en bestiet út twa rigen fan maten: de reade rige en de blauwe rige.
 
Foar de reade rige naam hy in maat fan 183 sm as útgongspunt -- neffens Le Corbusier de lingte fan it minsklik lichem. Troch dy maat hieltiten troch φ te dielen ûntstiet de rige 183, 113, 70, 43, 27...
 
Foar de blauwe rige die hy itselde mei in maat fan 226 sm -- de lingte fan it minsklik lichem mei útstutsen earm. Dy maat is teffens in ferdûbeling fan de 'nâlehichte' (113 sm) dy't ek al yn de reade rige stie: 226, 140, 86, 54 ...
 
In bekend foarbyld fan in op de Modulor basearre gebou is Le Corbusiers ''[[Unité d'Habitation]]'' ('wenienheid'): in "fertikale stêd" dêr't it earste eksimplaar fan yn 1947 yn [[Marseille]] boud waard. Letter folgen ferzjes yn [[Nantes]], [[Berlyn]], [[Briey]] en [[Firminy]].
 
== De goudene sneed yn de natoer ==