De Fûke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side ferfong mei 'lieve R, wil je met me trouwen :$'
Mercy (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "83.136.198.196" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Aliter".
Rigel 1:
'''De Fûke''' is in boek fan [[Rink van der Velde]] út [[1966]] dat him ôfspilet yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Yn [[1995]] hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op 'e nij besjoen.
lieve R,
 
== Ynhâld ==
wil je met me trouwen :$
Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek [[Joaden]] ûnder yn [[Fryslân]]. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de [[Tsjûkemar]] wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis komt de plysje mei de Dútsers Germ syn heit opheljen om him te ferhearren. De [[anargisme|anargistyske]] ielfisker siet al faker foar ferhoar, en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket hy hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.
 
== De film ==
De Fûke is de twadde Fryske (lowbudget) spylfilm fan [[Steven de Jong]]. De film kaam yn [[2000]] yn de bioskopen. [[Rink van der Velde]] skreaun it senario tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan [[De Kast]]. De ielfisker hat yn de film in namme krigen: Jelle.
 
Yn de film spylje:
* [[Rense Westra]] - Jelle
* [[Syb van der Ploeg]] - JP
* [[Steven de Jong]] – Germ
* [[Peter Tuinman]] - Detective
* [[Hidde Maas]] -Mayor
* [[Hilbert Dykstra]] - adjudant
* [[Joop Wittermans]] – keapman
* [[Cynthia Abma]] – Mirjam
* [[Jan Arendsz]] – de maat
 
 
Ynt [[2001]] waard de film yn trije dielen op televyzje fertoand.
 
== oersettingen ==
*'De Fuik' (in oersetting fan J.J. Bylsma) waard yn 1970 útjûn yn de Wereldbibliotheek en letter yn 'e Zilverschoonrige.
* De Fûke is ek yn it Ingelsk ('The Trap', Henry J. Baron 1995) en yn it Oekraynsk ('Wjersha', Yuri O. Zhluktenko 1983) oerset. De Oekraynske oersetting is polityk en eroatysk sinsurearre. Dat koe yn de Sovjet-uny net oars. Zhluktenko wist boppedat net krekt hoe 't al dat fiskersark wurke.
* De Hebrieuwske oersetting, makke troch Rink syn dochter Wytske, is noch net publisearre.
 
[[Kategory:Rink van der Velde]]
[[Kategory:Film]]
 
[[en:De Fûke]]
[[nl:De Fûke]]