Karel fan Gelre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
L tekst neirûn
Aliter (oerlis | bydragen)
"Gemoed" tebek nei "Egmond"
Rigel 8:
Yn [[1473]] oerweldige [[Karel de Dryste]] Gelre, en naam er de seis jier âlde Karel fan Gelre mei nei Gent sa't dy oan it Boergondyske hof grutbrocht wurde koe. Dêrom focht Karel fan Gelre ek mei tsjin [[Karel VIII fan Frankryk]]. Yn de [[Slach by Betune]] yn [[1487]] waard er finzennaam, en it duorre oant [[1492]] eart er frijkaam.
 
Doe't er werom kaam yn Gelre waard er dêr as hartoch fan Gelre erkend, mar om't Karel de Dryste Gelre ynnaam hie woe keizer [[Maksimiliaan I fan Eastenryk]] Karel fan Gelre net mei Gelre beliene. Neffens him wie Karel dêrom net Karel fan Gelre, mar 'Karel fan GemoedEgmond''.
 
Yn [[1505]] waard [[Flips fan Boergonje]] troch syn heit, Maksimiliaan beliend mei Gelre. Filips bea oan it Karel yn efterlien te jaan, mar Karel woe de erkenning hawwe, dat hy woe Gelre allinnich fan Maksimiliaan beliend krije. Hjirop begûn Filips oan it oerweldigjen fan Gelre, oant Karel yn him syn hear erkenne. Mar doe Filips nei Spanje gie naam Karel Gelre wer werom.