Country: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 24:
Yn [[1949]] kaam [[Hank Williams]] op de [[Grand Ole Opry]] ta. Hy hie as ''teenager'' al bekendheid krigen mei syn groep ''The Drifting Cowboys'' en hie in jiermannich meidien mei de ''[[Louisiana Hayride]]'' fan radiostasjon KWKH. Nei't syn ''Lovestick Blues'' in hit wurden wie, waard er Opry-lid. Syn earste optreden, op [[11 juny]] 1949 waard in gigantyske sjo. De sjo moatst ophâlde, om't it publyk him trije kear weromhelle foar ''Lovestick Blues''. Ek foar Hank Williams wie mar in koarte karriêre weilein: hy stoar op [[Nijjiersdei]] [[1953]] op de achterbank fan de auto dy't him nei in Nijjierskonsert yn Canton, [[Ohio]] bringe soe. Mar it wie in tige produktive en yndrukwekkende karriêre. As gjin oar wie er yn steat om it drege libben fan de arbeidzjende man yn wurd en muzyk út te byldzjen. Der is sawat gjin inkelde artyst yn de countrymuzyk, dy't net in nûmer fan him op it reperroire hat.
 
== EuropaJeropa ==
Countrymuzyk wie oant healwei de [[20e ieu]] benammen in Noard-Amerikaanske oangelegenheid. Yn Jeropa krige de country in relative bekendheid troch it opkommen fan [[westernfilm]]s (mei û.o. Roy Rodgers). Jeropa is as ôfsetmerk lykwols noch net oansputsen. De earste Jeropeeske countryproduksjes (sûnt 1948) steane op namme fan de Flaamske variété-pionier [[Bobbejaan Schoepen]]. Fan de ein fan de tritiger jierren ôf brocht er de muzykstyl yn Flaamske doarpen. Fan [[1945]] oant [[1947]] foarme er mei syn doarpsgenoat [[Kees Brug]] it duo "Two Boys en Two Guitars". Yn 1947 kaam Schoepen yn kontakt mei [[Jacques Kluger]], in manager fan oansjen dy't nei talint fan eigen boaiem socht. Dy seach yn him in goed sjonger en entertener mei takomst en frege him de Amerikaanske en Kanadeeske groepen te fermeitsjen dy't ynset wiene by de [[Neurenberg|Prosessen fan Neurenberg]], [[Frankfurt]] en [[Berlyn]]. Hy krige dêrta in kontrakt fan trije moanne, wat de countrykant yn him stimulearje soe. Yn 1948 wurde de earste platen útbrocht yn [[Belgje]] en Nederlân, fan [[1954]] ôf ek yn Dútslân, Eastenryk en Frankryk.
Bobbejaan Schoepen hat foar 't neist ek de earste Jeropeaan ([[Grut-Brittanje]] net meirekkene) west dy't yn de [[Grand Ole Opry]] optrede. Yn 1953 trije kear, ûnder oare mei countrystjer [[Roy Acuff]] (1903-1992). Der kaam ek in optreden mei countrysjonger [[Red Foley]] (1910-1968) yn Springfield, Missouri. Yn 1957 sette er wer nei [[New York]], dêr't er frege wie yn de TV-sjo fan de bekende presintator [[Ed Sullivan]]. Hy naam platen op mei de band fan [[Elvis]], dêr't er de RCA-studio's mei dielde. De reputearre manager [[Steve Sholes]] fan RCA-records bea him in kontrakt oan om ûnder de namme ''Bobby John'' trije moanne lang alle radiostasjons yn de Feriene Steaten ôf te reizgjen. Mar Schoepen, dy't al tsien jier lang oars net as op toernee wie en yn Jeropa kontraktuele ferplichtings hie, socht sa njonkelytsen in fêst plak (it lettere [[Bobbejaanlân]]). Hy besleat de súksesformule oer it grutte wetter net fuort te setten. Tsjin de jierren sechstich oan stie er op nûmer ien yn Eastenryk mei de country-parody "Ich steh an der bar" ([[A Pub With No Beer]] fan Gordon Parsons). It nûmer stie 30 wiken lang yn de Dútske top en waard yn Flaanderen in [[evergreen]]. De Amerikaanske countrysjonger [[Tex Williams]] (grûnlizzer fan de swing country) brocht yn 1974 yn de Feriene Steate in kopy (cover) út fan syn ''Fire and Blisters''. Schoepen trede by gelegenheid ek op yn klubs yn [[Los Angeles]], mei [[Nudie Cohn]], [[Roy Rogers]] en [[Tex Williams]]. De Amerikaanske countrysjonger [[Jimmy Lawton]] fêstige him yn dy tiid troch Bobbejaan Schoepen foarfêst yn Belgje. Hy wie in tal jierren útbater fan in countryhal yn Bobbejaanlân, mar soe him benammen talizze op countrytoernees yn ferskate Jeropeeske lannen. Boppejaan Schoepen en Jimmy Lawton binne noch hieltyd aktyf dwaande mei de produksje fan countrymuzyk.