Molekule: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
→‎Molekúl: Earste opset makke. Subskript yn gemyske formules slagget my sa ientwatrije net...
Top8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
==== Skiednis ====
It hjoeddeiske konsept fan in molekúl waard betocht troch de Italjaanske natuerwittenskipper [[Amadeo Avogadro]]. Hy publisearre it yn 1811. Hy ferklearre mei syn molekúlbegryp in oantal ferskynsels dy’t gemisy oant dan tige yn betizing brocht hiene, benammen de waarnimming dy’t bekend stiet as de wet fan [[Gay-Lussac]]. Dy wet stelt dat as stoffen yn de gasfoarm mei elkoar reagearje, se dat altyd dogge yn ienfâldige ferhâldingen fan folume. In klassyk foarbyld is de waarnimming dat twa folumes wetterstofgas en ien folume soerstofgas mei elkoar reagearje en dan twa folumes wetterdamp opsmite (as temperatuer en druk itselde binne). Avogadro ferklearre dy ienfâldige ferhâldingen troch oan te nimmen dat gelikense folumes fan gassen by deselde temperatuer en druk likefolle molekulen ynha. Sa koe hy mei de wet fan Gay-Lussac daliks fêststelle:
 
2 molekulen wetterstof + 1 molekúl soerstof → 2 molekulen wetter (yn gasfoarm, oftewol wetterdamp).