Molekule: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Molekule
Aliter (oerlis | bydragen)
L Molekule
Rigel 1:
In '''molekúlemolekule''' is it lytste bytsje fan in stof dat noch de eigenskippen fan dy stof hat.
 
== Lytse ienheid ==
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
It hjoeddeiske konsept fan in molekule waard betocht troch de Italjaanske natuerwittenskipper [[Amadeo Avogadro]]. Hy publisearre it yn [[1811]]. Hy ferklearre mei syn begryp molekúlemolekule in tal ferskynsels dy’t gemisy oant dan tige yn betizing brocht hiene, benammen de waarnimming dy’t bekend stiet as de [[wet fan Gay-Lussac]]. Dy wet stelt dat as stoffen yn de gasfoarm mei elkoar reagearje, se dat altyd dogge yn ienfâldige ferhâldingen fan folume. In klassyk foarbyld is de waarnimming dat twa folumes [[wetterstof]]gas en ien folume soerstofgas mei elkoar reagearje en dan twa folumes wetterdamp opsmite (as temperatuer en druk itselde binne). Avogadro ferklearre dy ienfâldige ferhâldingen troch oan te nimmen dat gelikense folumes fan gassen by deselde temperatuer en druk likefolle molekulen ynha. Sa koe hy mei de wet fan Gay-Lussac daliks fêststelle:
 
As 2 folumes wetterstof (gas) + 1 folume soerstof (gas) → 2 folumes wetterdamp, dan betsjut dat dus ek:
 
2 molekulen wetterstof + 1 molekúlmolekule soerstof → 2 molekulen wetter.
 
Avogadro makke in helder ûnderskied tusken in [[atoom]] en in molekule. Mei gemyske molekuleformules is de boppesteande reaksje wer te jaan as
Rigel 15:
2 H<sub>2</sub> + 1 O<sub>2</sub> → 2 H<sub>2</sub>O .
 
Guon gemisy, wêrûnder [[John Dalton]], woene hjir net oan, en it duorre oant nei 1860 foar’t Avogadro syn molekúlebegrypmolekulebegryp algemien hiem waard yn de teory fan de skiekunde.