Molekule: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
leginda ôfbyld skerper steld
Top8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
== Lytste ienheid ==
As wy in [[sûkerklûntsje]] yn twaen brekke, en dat brokstikje wer yn twaën, en sa fierder, dan krije wy hyltyd lytsere stikjes sûker. Dat hâldt in kear op. It lytste bytsje sûker dat sa krigen wurde kin is in molekule sûker. De lytste hoemannichte [[wetter]] dy’t bestiet is allyksa in molekule wetter, en de lytste hoemannichte [[soerstof]]gas in molekule soerstof.
 
De definysje fan molekule is helder en foar elk begryplik, mar fertsjinnet in kanttekening. Der binne eigenskippen fan stoffen dy't gearhingje mei it gehiel fan molekulen en dy't net mear besteane as je ien molekule apart nimme. In ienfâldich foarbyld is it siedpunt. Etanol hat in siedpunt fan 78<SUP>o</SUP>C by standertomstannichheden. Mar it is ûnsin om te sizzen dat ien molekúl etanol in siedpunt hat. De eigenskippen dêr't yn de definysje fan molekule praat fan is, binne benammen de gemyske eigenskippen fan in stof. Wy meie bygelyks oannimme dat ien molekule sûker noch swiet smakket, ek al sil dat op ús tonge te min wêze om it waar te nimmen.
 
== Skiednis ==