Katharine Hepburn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Oanf. en plaatsje
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 4:
wie yn [[Feriene Steaten fan Amearika|Amearikaansk]] [[aktrise]]. Har bynamme wie ''First Lady of American Cinema'' fanwege har grutte talint en har rekordoantal [[Academy Award]]s.
 
Katharine Hepburn wie it twadde bêrnbern fan seis fan dokter Thomas Norval Hepburn en sugfragette Katharine Martha Houghton. Doe't se acht jier âld wie die se al oan toanielspyljen. Yn [[1921]] fûn Katharine har âldere broer Tom ferhongen, wat har jierren efterfolgje soe.
 
Wylst se studearre oan it [[Bryn Mawr College]] begûn se oan teater te dwaan. Yn dy tiid kaam Hepburn ek yn 'e kunde mei Ludlow Ogden Smith. Yn [[1928]] studearre se ôf, troude se mei Ludlow Ogden Smith en spile yn [[Baltimore]] yn twa stikken. Ek yn dat jier gong se nei [[New York]] dêr't se ien dei meispile yn ''The Big Pond'' en doe dien krige. Dochs krige se al gau fêst aktearwurk.
 
Nei oanlieding fan har rol yn [[The Warrior's Husband]] yn [[1932]] krige Hepburn dat jier in rol yn de film ''A Bill of Divorcement''. Dit wie in suksessúkses, en se krige mear filmrollen. Foar har tredde filmrol, ''Morning Glory'', krige Hepburn in [[Academy Award]] as bêste aktrise.
 
Fan [[1933]] oant [[1938]] spile se yn minder suksesfollesúksesfolle stikken en films, en yn [[1934]] gong se by Smith wei. Mar yn [[1939]] spile se yn ''The Philadelphia Story'' wat in grut sukses wie, en se spile har rol ek yn de filmferzje, dy't ek in sukses waard. Yn har folgjende film ''Woman of the year'', stie Hepburn tsjinoer [[Spencer Tracy]], dêr't se dêrnei noch acht kear mei spile, en dêr't se sânentweintich jier tegearre mei wie.
 
Hepburn bleau spyljen by sawol it toaniel as de film. By de film krige se noch twa Academy AwardAwards, foar ''Guess who's coming to dinner'' yn [[1967]] en foar [[The lion in winter]] yn [[1968]]. Op it tonieltoaniel spile Hepburn ûnder oaren yn sân stikken fan [[William Shakespeare]], yn [[Londen]], [[Austraalje]] en yn [[Stratfort (Connecticut)]], en yn [[1969]] spile se mei grut suksessúkses yn de [[musikal]] ''Coco''.
 
Yn de sântiger jierren spile Hepburn fral yn televyzje-films. Yn [[1975]] krige se dêrby foar har rol yn ''Love Among the Ruins'' in [[Emmy Award]]. Yn [[1981]] krige se in fjirde Academy Award, foar har rol yn ''On golden pond''.
 
Ek yn de jierren tachtich en lêtter bleau Hepburn rollen foar televyzje spyljen. Yn [[1991]] kaam har autobiografy ''Me: Stories of My Life'' út. Yn [[1994]] wie har lêste filmrol, in lytse rol yn ''Love Affair''. De lêste jierren waard har sûnens minder, en op 29 juny 2003 is se thús yn Old Saybrook ferstoarn.
 
Hepburn spile mei yn mear as fjirtich films, en spile yn mear as tritich toanielstikken. Yn [[1995]] waard se útroppen ta de bêste aktrise út de skiednis fan de film.
 
== Filmografy ==
[[Ofbyld:Philadelphia Story 13.jpg|right|thumb|280px|''Katharine Hepburn en [[James Stewart]] yn ''Philadelphia Story'' (1940)'']]
[[Ofbyld:Spencer Tracy and Katharine Hepburn in Adams Rib trailer.jpg|right|thumb|280px|''[[Spencer Tracy]] en Katharine Hepburn yn ''Adams Rib'' (1949)'']]
[[Ofbyld:The African Queen, Hepburn1.jpg|thumb|right|280px|''Katharine Hepburn yn ''The African Queen'''' (1951)]]
 
{|
|
Line 87 ⟶ 86:
* [http://www.ibdb.com/person.asp?id=44928 Katharine Hepburn] yn de Ynternet Broadway Databank
 
;== Biografyen ==
* [http://www.djfl.de/entertainment/stars/k/katharine_hepburn/index.html Biografy fan Dirk Jasper Filmlexikon]
* [http://www.besserwisserseite.de/themaderwoche/katherine-hepburn.phtml Biografie bei der Besserwisserseite/W-Akten]