Sahel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan n
 
No edit summary
Rigel 8:
 
==Ferwoastining==
De Sahel is in oergongsgebeitoergongsgebiet tusken [[woastyn]] en [[savanne]] dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan [[ferwoastining]] fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste milieuprobleem. Trochstrings bedraagt de delslach sa'n 150 oant 500 mm per jier. It meastepart fan de rein falt yn it [[Reintiid|reinseizoen]]. Trochdat de groeiendewaaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfretten, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukken. Foar in protte minske is it finen fan geskikt [[drinkwetter]] in grut probleem.
 
Fierders hat de Sahel-regio nei alle gedachten te lijden fan [[Global dimming]], dy't it gefolch is fan fersmoarging fan de [[atmosfear]] troch de útstjit fan ôffalstoffen. Omdat de Sahel ticht by de evener leit, kinne de temperatueren hiel bot oprinne. Lykwols is de wittenskiplike kennis wat it klimaat oangiet net folslein om goede konklúzjes te loeken.