Ferskil tusken ferzjes fan "Sahel"

272 bytes grutter ,  12 jier lyn
kepp.
(kepp.)
De '''Sahel''' is in lânsdouwe yn [[Afrika]] dy't tusken de subtropen leit yn it suden (10 graden NB) en de [[Sahara]]-woastyn yn it noarden (om-ende-by 23,5 graden NB). Oan de westside wurdt it begrinzge troch de [[Atlantyske Oseaan]] en oan de eastside troch de [[Reade See]]. Ungefear itselde gebiet waard eartiids Soudan neamd, net te betizen mei it tsjintwurde lân [[Sûdan]].
 
De neifolgjende lannelannen, neamd fan west nei east, meitsje diel út fan de Sahel: [[Senegal]], [[Gambia]], [[Mauritaanje]], [[Maly]], [[Bûrkina Faso]], [[Niger]], [[Nigearia]], [[Tsjaad]], [[Sûdan]], [[Etioopje]], [[Eritrea]], [[Dzjibûty]], [[Somalylân]] en [[Somaalje]]. Ek de noardlike parten fan [[Ivoarkust]], [[Gana]], [[Togo]] en [[Benyn]] kinne der ta rekkene wurde. In protte Sahellannen hearre ta de earmste fan de wrâld.
 
==Namme==
De Sahel is in oergongsgebiet tusken [[woastyn]] en [[savanne]] dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan [[ferwoastining]] fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste milieuprobleem. Trochstrings bedraagt de delslach sa'n 150 oant 500 mm per jier. It meastepart fan de rein falt yn it [[Reintiid|reinseizoen]]. Trochdat de waaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfretten, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukken. Foar in protte minske is it finen fan geskikt [[drinkwetter]] in grut probleem.
 
Fierders hat de Sahel-regio nei alle gedachten te lijdenlijen fan [[Global dimming]], dy't it gefolch is fan fersmoarging fan de [[atmosfear]] troch de útstjit fan ôffalstoffen. Omdat de Sahel ticht by de evener leit, kinne de temperatueren hiel bot oprinne. Lykwols is de wittenskiplike kennis wat it klimaat oangiet net folslein om goede konklúzjes te loeken.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html Sahelske Acacia savanna (WWF)]
* [http://www.nationalgeographic.com/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713.html Sahelske Acacia savanna (National Geographic)]
 
 
[[Kategory: Afrika]]