Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
AST (oerlis | bydragen)
Stikje tafoege oer de stifting Frysk Letterkundich Museum
Rigel 7:
Yn 1986 waard Freark Dam opfolge troch [[Tineke Steenmeijer]]. Yn 1990 waard it museum útwreide mei in modern depot en it Skriuwershûs, dêr't gearkomsten en kursussen hâlden wurde koene.
Yn 1999 waard it 40-jierrich jubileum fierd. Op dat stuit wiene de earste besprekken al geande oer wat liede soe ta de fúzje mei de [[Provinsjale Biblioteek]] en it [[Ryksargyf yn Fryslân]]. Op 1 septimber 2002 wie it nije ynstitút [[Tresoar]] in feit.
 
===Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum===
Ek nei it opgean fan it FLMD yn Tresoar is de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum bestean bleaun. De stifting hâldt him û.o. dwaande mei it behear fan it [[Tamminga-Piebenga-fûns]] (ûntstien út de neilittenskip fan [[Douwe Tamminga]]) en mei it behear fan de troch [[Rink van der Velde]] neilitten wenarke op [[De Feanhoop]], dêr't skriuwers harren in skoftsje weromlûke kinne om oan literêr wurk te arbeidzjen.
 
[[Kategory:Museum yn Fryslân]]