Bela Lugosi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Béla Lugosi
oanfolling en fan nl.
Rigel 3:
[[Ofbyld:Bela Lugosi 01.jpg|thumb|right|200px|''Bela Lugosi'']]
'''Béla Lugosi''', [[artyst]]enamme fan ''Béla Ferenc Dezső Blaskó'' ([[Lugoj|Lugos]] ([[Banaat]], [[Hongarije]]), [[20 oktober]] [[1882]] – [[Los Angeles]] ([[Kalifornje]]), [[16 augustus]] [[1956]]) wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Hongarije|Hongaarsk]] akteur.
 
Lugosi is fral bekend fan syn rollen yn grizelfilms, benammen troch syn fertolking fan [[Drakula]].
 
Doe't ein [[1931]] [[Frankenstein (1931)|Frankenstein]] yn de filmsealen ferskynde, hie net ien it mear oer Lugosi. [[Boris Karloff]] wie de nije stjer oan it horrorfirmamint. De akteurs hawwe in pear kear tegearre yn deselde films spile, mar eltse kear kaam Lugosi mear yn't skaad fan Karloff te stean. In oare faktor yn syn delgong wiene de fermoedens oer syn bannen mei it [[kommunisme]].
 
Lugosi hat lange jierren oan [[morfine]] ferslaafd west, mar hy hat syn ôfhinklikens oerwûn mei in ôfkikprogramma (1954). Hy wie ek de earste Hollywoodakteur dy't syn ferslaving iepenlik yn de media bespriek.
 
Lugosi stoar op [[16 augustus]] [[1956]] mei 73 jier yn syn appartemint yn [[Hollywood]] oan in hertoanfal, earm en ûngelokkich. [[Frank Sinatra]] betelle de begraffenis. Lugosi waard begroeven yn in folslein Drakula-kostúm.
 
== Keppelings om utens ==