Joeri Andropov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
kep. en plaatsje
Rigel 10:
Doe't Brezjnev begjin novimber [[1982]] ferstoar beneamde it politburo Andropov ta sekretaris-generaal fan de partij. Hy waard de machtichste persoan fan de Sowjetuny. Ien fan syn belangrykste rivalen wie [[Konstantin Tsjernenko]], dy’t nei him de lieder fan de Sowjetuny wurde soe. Andropov seach yn dat de steat fan de ekonomy fan de Sowjetuny net goed wie, Hy fierde in oantal herfoarmingen yn. Ek pakte hy de korrupsje oan fan sowjetamtners. Ferskillende minsken waarden oppakt. Ek waarden der ekonomyske eksperiminten hâlden yn de foarm fan it nije ekonomyske meganisme. Andropov soarge der ek foar dat de lettere [[Michail Gorbatsjov]] yn it politburo kaam. Gorbatsjov soe de ideeën fan Andropov in pear jier letter as lieder útfiere. Troch syn minne sûnens koe Andropov net de noadige herfoarmingen troch fiere. Artsen fûnen út dat hy [[diabetes]] hie en in te hege bloeddruk mei groanyske problemen mei syn [[nieren]]. Yn 1983 koe Andropov net by de jierlikse parade wêze fan it reade leger. Brezjnev dy’t in jier dêrfoar hast dea delfoel wie der doe wol.
 
Andropov ferstoar op 9 febrewaris 1984 yn Moskou. Hy waard doe opfolge troch Konstantin Tsjernenko.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.yale.edu/annals/sakharov/sakharov_list.htm ''List of Andropov documents related to Andrei Sakharov and other dissidents'']
*[http://www.cnn.com/SPECIALS/cold.war/episodes/21/documents/kgb.report/ It jierliks ferslach fan de KGB 1967, tekene troch Andropov] by [[CNN]]