Strjitten yn Gersleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: Ferklearring fan de '''strjitnammen yn Gersleat''': *''Alde Leane'' – Omdat de bewenner fan it hûs Wyngaarderwei 2 allinnich berikber is oer Lúkswâlde is de strjitnamme Wyngaarde...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
Ferklearring fan de '''strjitnammen yn Gersleat''':
*''Alde Leane'' – Omdat de bewenner fan it hûs Wyngaarderwei 2 allinnich berikber is oer [[LúkswâldeLúkswâld]] is de strjitnamme Wyngaarderwei yn 1981 feroare yn Alde Leane.
*''Aldewei'' - Op de kaart fan 1718 fan Schotanus/Halma komt dizze wei foar as ûnderdiel fan "d'Oude Wech", dy’t rûn fan de hjoeddeiske " Aengwirderwei" ten súdeasten fan "UytterBuiren", ûnder in hoekich ferrin, nei de grins mei Opsterlân by de Tynje. Letter is it meast noardlike stik fan "d'Oude Wech" in ein langer makke om sa oan te sluten by it begjin fan de wei yn 'Uterbuorren'.
*''Deelenwei'' – rint nei de yn [[1921]] oprjochte feanpolder [[De Deelen]] fan de Tynjewei oant de Heafeartswei. Yn 1959 is de wei ferhurde. Earder foel in gedielte fan it gebiet benoarden de [[Heafeart]] ta it 4e en 5e Feandistrikt. In skikking foarme yn 1918 de ynlieding ta oprjochting fan it wetterskip 'De Deelen' (mei in foarlopich bestjoer), dat yn 1921 Feanpolder waard.