Jamie Lee Curtis: ferskil tusken ferzjes

1.857 bytes grutter ,  13 jier lyn
oanf. fan nl en ing
(st)
(oanf. fan nl en ing)
[[Ofbyld:Jamie Lee Curtis 1989.jpg|thumb|right|''Jamie Lee Curtis'' 1989]]
'''Jamie Lee Haden-Guest''' (sûnt 1996 ek ''Baroness Haden-Guest'', [[Los Angeles]], [[22 novimber]] [[1958]]) is in Amerikaansk filmaktrise en [[berneboek]]e skriuwster. Sy brûkt as aktrise har famkesnamme '''Jamie Lee Curtis'''. Curtis wûn ûnder oaren [[Golden Globes]] foar har rollen yn''[Anything But Love'' en ''True Lies'', yn [[American Comedy Award]], yn [[Saturn Award]] (beide foar ''True Lies'') en yn [[BAFTA Award]] foar ''Trading Places''.
 
Curtis is in dochter fan de akteurs [[Tony Curtis]] en [[Janet Leigh]]. Har earste film betsjutte fuortendaliks har trochbraak: ''Halloween'', [[1978]]. Curtis spile letter ek yn koartswillige films, bygelyks as ''Ophelia'' yn ''Trading Places'' (mei [[Eddie Murphy (akteur)|Eddie Murphy]] en [[Dan Aykroyd]]) en yn ''A Fish Called Wanda'', as minnares fan [[John Cleese]]. Mar dan yn 1985 wer yn in romantyske dramafilm ''Perfect'' mei [[John Travolta]]. Nei ''Halloween II'' hat hja dy rige earst farwol sein, mar 17 jier letter wie se wol wer ree foar de rol fan ''Laurie Strode'' yn wilens it sânde part fan Halloween, ''Halloween H20: 20 Years Later''. De makkers fan ''Scream 3'' (2000) hawwe noch besocht om Curtis oer te heljen foar in gastoptreden yn harren film, mar dit oanbod hat hja ôfslein. Yn ''Halloween: Resurrection'' (2002) wie sy wol wer mei yn de kompe.
 
Op 18 desimber 1984 troude Curtis mei akteur [[Christopher Guest]]. Sy adoptearren yn 1986 in famke ''Annie'' en yn 1996 soan ''Thomas''. Doe't Guests heit yn 1996 kaam te ferstjerren, erven hy en syn frou de titel fan [[aadlike titel|baron]] en barones.
 
== Filmografy ==
|
|}
 
=== Berneboeken ===
Yn'e mande mei illustrator [[Laura Cornell]], hat Curtis in tal berneboeken makke.
 
*''When I was Little: A Four-Year Old's Memoir Of Her Youth'', 1993.
*''Tell Me Again About The Night I was Born'', 1996.
*''Today I Feel Silly, and Other Moods That Make My Day'', 1998; listed on the ''[[New York Times]]'' 9 wike op de best-ferkoch list.
*''Where Do Balloons Go?: An Uplifting Mystery'', 2000.
*''I'm Gonna Like Me: Letting Off a Little Self-Esteem'', 2002.
*''It's Hard to Be Five: Learning How to Work My Control Panel'', 2004.
*''Is There Really A Human Race?'', 2006.
*''Big Words for Little People'', ISBN 9780061127595, 2008.
*''My Friend Jay'', 2009, ien printinge, oanbean oan [[Jay Leno]]
 
== Keppeling om utens ==