Country: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
Bobbejaan Schoepen hat foar 't neist ek de earste Jeropeaan ([[Grut-Brittanje]] net meirekkene) west dy't yn de [[Grand Ole Opry]] optrede. Yn 1953 trije kear, ûnder oare mei countrystjer [[Roy Acuff]] (1903-1992). Der kaam ek in optreden mei countrysjonger [[Red Foley]] (1910-1968) yn Springfield, Missouri. Yn 1957 sette er wer nei [[New York]], dêr't er frege wie yn de TV-sjo fan de bekende presintator [[Ed Sullivan]]. Hy naam platen op mei de band fan [[Elvis]], dêr't er de RCA-studio's mei dielde. De reputearre manager [[Steve Sholes]] fan RCA-records bea him in kontrakt oan om ûnder de namme ''Bobby John'' trije moanne lang alle radiostasjons yn de Feriene Steaten ôf te reizgjen. Mar Schoepen, dy't al tsien jier lang oars net as op toernee wie en yn Jeropa kontraktuele ferplichtings hie, socht sa njonkelytsen in fêst plak (it lettere [[Bobbejaanlân]]). Hy besleat de súksesformule oer it grutte wetter net fuort te setten. Tsjin de jierren sechstich oan stie er op nûmer ien yn Eastenryk mei de country-parody "Ich steh an der bar" ([[A Pub With No Beer]] fan Gordon Parsons). It nûmer stie 30 wiken lang yn de Dútske top en waard yn Flaanderen in [[evergreen]]. De Amerikaanske countrysjonger [[Tex Williams]] (grûnlizzer fan de swing country) brocht yn 1974 yn de Feriene Steate in kopy (cover) út fan syn ''Fire and Blisters''. Schoepen trede by gelegenheid ek op yn klubs yn [[Los Angeles]], mei [[Nudie Cohn]], [[Roy Rogers]] en [[Tex Williams]]. De Amerikaanske countrysjonger [[Jimmy Lawton]] fêstige him yn dy tiid troch Bobbejaan Schoepen foarfêst yn Belgje. Hy wie in tal jierren útbater fan in countryhal yn Bobbejaanlân, mar soe him benammen talizze op countrytoernees yn ferskate Jeropeeske lannen. Boppejaan Schoepen en Jimmy Lawton binne noch hieltyd aktyf dwaande mei de produksje fan countrymuzyk.
 
== '''Americana''' ==
Ek wol 'alternative country' neamd, yn de sechstiger en santiger jierren [[countryrock]].
Under ynfloed fan pop/rockbands lykas [[The Byrds]] en artysten as [[Gram Parsons]] en [[Neil Young]] lieten oare popartysten har hieltyd mear beynfloedzje troch de tradisjonele countrymuzyk. De idealisearre earlikens fan it plattelânslibben en it uterjen fan 'echte' emoasjes en libbensûnderfiningen paste goed by de tiidsgeast fan de sechstiger en santiger jierren. De gauris konservative teksten fan de orizjinele country waarden ferfongen troch teksten dy't better by de idealen fan de nije generaasje [[singer-songwriter]]s pasten.