Ketlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
'''Ketlik''' (''Katlijk'') is in [[Fryske doarpen|doarpke]] yn de gemeente [[It Hearrenfean]], eastlik fan de flekke. Ketlik hat 634 ynwenners. De namme komt fan ''leke'' dat waterlossing betsjut. De namme soe ek komme kinne fan it wurd '' katolyk''.
== Skiednis ==
Al folle earder, yn [[1315]], stie der in kapel yn Ketlik, dat it doarp hat al in lange skiednis. Eartiids wie it yn de omkriten fan Ketlik neat as fean en heide. Mar yn de [[16e ieu]] sette [[Pieter fan Dekema]] mei [[Johan van Cuijck]] en [[Floris Foeyts]] de [[Skoatterlânske Kompanjy]] op. De kompanjy kocht feangrûn yn yn Ketlik, [[Brongergea]] en omkriten. De kompanjy liet de [[Skoatterlânske Kompanjonsfeart]] grave mei in soad wiken om de turf en it wetter ôf te fieren. It hat it lânskip gâns feroare.
 
Yn [[1673]] wie it it leger fan de biskop fan [[Munster]] slagge om de [[Lytse Wetterlynje]] oer te kommen, mar nei't men yn Ketlik seit waard it leger yn Ketlik troch it doarpsfolk ferslein.