Pikmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Eat oer de Pikmar
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 apr 2005 om 06.48

De Pikmar is in mar oan de eastkant fan Grou, yn de gemeente Boarnsterhim.

Troch de mar rint it Prinsesse Margrietkanaal dat ferbining jout mei Ljouwert en Snits. Fia de Tynje is de Pikmar ferbûn mei de Peanster Ie en fierder nei de Sitebuorster Ie. Fia de Neare Burd stie de mar yn ferbiing mei de Wiide Burd en ek wer fierder nei de Sitebuorster Ie, mar yn de Neare Burd lizze no dûkers. Oan de noardkant fan Grou komme de Grou, de Bosksleat, de Wide Galle, de Geau en de Pikmar byelkoar. Yn de mar lizze it Grutte Eilân en it Lytse Eilân.

De Pikmar is ûntstien as in ferbreding fan in feart fan Grou nei it easten. Tegearre mei de Wide Ie foarmet de mar no it drokste wettersportgebiet fan Fryslân. Under oaren wurde hjir de iepeningswedstriden fan it SKS Skûtsjesilen hâlden.